Springe nei ynhâld

Reaskuorre

Ut Wikipedy

Reaskuorre is in buorskip yn de gemeente Achtkarspelen. Reaskuorre leit oan de Feanster Feart tusken Droegeham en Surhuzum.

Yn Reaskuorre wie eartiids in slûs yn de Surhústerfeanster Feart foar de wetterbehearsking. Dy feart is yn 1648 groeven om turf ôf te fieren nei it Knillesdjip (nei 1954 hjit dat it Prinses Margrietkanaal) en dêrnei fierder nei Hollân ta. De turfskippers moasten dêr skutten wurde foardat se it Knillesdjip berikke koenen. Reaskuorre is fuort nei de oanlis fan de Feansterfeart yn 1649 ûntstien. Al rillegau kaam der in herberch, dy't tagelyk ek slûswachtershûs en winkeltsje wie. De slûswachterwente siet yn in mei reade pannen dekte skuorre fan it wetterskip. Yn 1847 waard de ferfeantingskompenije opheft. Slûs en herberch gienen op yn it wetterskip fan Surhústerfean.

In 1881 waarden in nije slûs en slûswachterhûs boud. Dat hûs waard letter in kafee. Yn 1901 waard de slûs fernijd. Soks stiet noch te lêzen op in stien yn de slûsmuorre. Yn 1970 is yn de feart in daam oanlein.

Achtkarspelen
Doarpen en útbuorrens:
BoelensloaneBûtenpostDroegehamGerkeskleasterDe HarkemaKoatstertilleStynsgeaStrobosSurhústerfeanSurhuzumTwizelTwizelerheide
Buorskippen:
BlauforlaetBlauhûsBuwekleasterDykhuzenHamsherneKoartwâldDe KoatenKûkherne (foar in part)De Lêste StoerLytsepostOphûsReahelReaskuorreSurhuzumer Mieden
· · Berjocht bewurkje