Springe nei ynhâld

Reade mosk

Ut Wikipedy
reade mosk
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje finkfûgels (Fringillidae)
skaai readmosken (Carpodacus)
soarte
Carpodacus erythrinus
Kaup, 1829
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

     simmergast
     wintergast

De Reade mosk (Carpodacus erythrinus) is in sjongfûgel út de famylje fan 'e finkfûgels (Fringillidae). Oarspronklik briedt de fûgel yn it paléarktysk gebiet, mar tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw hat de reade mosk syn areaal oant yn Nederlân en Switserlân útwreide. De reade mosk is in trekfûgel, dy't yn 'e súdlike dielen fan Aazje fan Iran oant yn súdeastlik Sina oerwinteret.

Wyfke

De reade mosk is 13,5 oant 15 sm lang. It boarst, de kop en stút fan it mantsje is read, fierder is dy fan boppe brúngriis. It reade boarst giet stadichoan oer yn in ljochtgrize búk. It wyfke is net opfallend fan kleur en liket op it wyfke fan 'e mosk of koarnmosk. Opfallend binne de foarse snaffel en lytse donkere kraaleachjes en de bêzje fleugelstrepen.

Aaikes fan 'e reade mosk

De wyfkes meitsje yn maaie suterige nêsten, dy't goed ferside ûnder yn strewellen of tichte begroeiing sitte. Der wurde ien kear fjouwer oant seis aaikes lein, dy't nei 11 oant 14 dagen útkomme. Nei 10 oant 13 dagen kinne de jongen útfleane, dy't dêrnei noch twa wiken fuorre wurde.

De reade mosk hat in grut ferspriedingsgebiet, dat de lêste tiid grutter woarn is. De fûgel mei graach op fochtige plakken wêze mei hjir en dêr beammen en strewellen. De fûgel mosk komt ek yn parken mei beammen en strûken foar.[1]

Yn 1987 waard yn Nederlân foar it earst in briedend pearke op Skiermûntseach fêststeld. Dêrnei naam it tal reade mosken ta oant 1992, doe't de oantallen wer sakken. De reade mosk wurdt yn Nederlân it meast oan 'e kust yn 'e dunen en op 'e eilannen waarnommen. It tal pearkes wurdt op likernôch 10 oant 20 rûsd (2023). Reade mosken bliuwe net lang yn Nederlân, hja komme healwei maaie en lûke yn augustus oant oktober wer nei harren oerwinteringsgebiet yn Yndia en Súdeast-Aazje.

De reade mosk is yn fiif ûndersoarten te ferdielen:[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Svensson, L. et al., 2010. ANWB Vogelgids van Europa, Tirion, Baarn. ISBN 978 90 18 03080 3
  2. (in) Gill, F, D Donsker & P Rasmussen (Eds). 2022. IOC World Bird List (v12.1).