Springe nei ynhâld

Finster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Rút)
In finster.
Dizze side giet oer it finster yn in muorre. Foar oare betsjuttings, sjoch: Finster (betsjuttingsside).

In finster (fan it Latynske fenestra) is in iepening yn in muorre of wand fan in gebou, dy't bedoeld is om deiljocht troch te litten en om in útsjoch op bûtendoar te bieden. Yn it deistich taalgebrûk wurdt in finster yn it Frysk almeast in rút neamd, hoewol't dat, alteast fan oarsprong, ferwiist nei it glês yn it finster.

Algemiene omskriuwing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It houten ramtwurk fan in finster hjit it kezyn. Dat bestiet út 'e boppedrompel of latei, twa sydbalken en de sille of ûnderbalke. Underoan it finster hat men faak it finsterbank, dat fan oarsprong in plak wie om te sitten, sadat men mear ljocht hie by jins wurk. Tsjintwurdich is it ornaris te smel om noflik yn te sitten, en wurdt it brûkt om keamerplanten of oare dingen yn te setten. By finsters dy't iepen kinne, is de finsterslach de romte dy't nedich is foar it iepenslaan fan it finsters.

Hjoed de dei binne finsters yn Nederlân faak foarsjoen fan dûbeld glês by wize fan termyske isolaasje. Foarhinne wie it wizânsje om finsters nachts oan 'e bûtenkant ôf te sluten mei lûken dy't blinen neamd waarden, mar tsjintwurdich wurdt dat almeast fan binnen dien mei gerdinen of in rolgerdyn. Simmerdeis wurdt yn in iepensteand finster faak in gaasramt pleats om langpoaten en oar fleanend ûnrant bûten te hâlden.

Yn 'e Midsiuwen wie glês sa kostber dat inkeld de riken der it jild ta hiene. It gefolch wie dat de earmen gjin of mar hiele lytse rútsjes yn harren wenten hiene. Om 'e wyn en kjeld bûtendoar te hâlden, waard dêr gauris in trochlittich materiaal foar spand, lykas in bargeblaas. Yn waarmere lannen brûkte men lapen linnense stof, dy't mei oalje ynstrutsen waarden om mear ljocht troch te litten. De glêzen ruten fan 'e riken bestiene yn 'e Midsiuwen út glêsskiifkes yn in leadene matriks, eat dat men tsjintwurdich noch sjocht by brânskildere glês-yn-leadruten yn tsjerken. Pas folle letter waard ûntdutsen hoe't men flakke stikken glês meitsje koe.

Soarten finsters

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.