Springe nei ynhâld

Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer

Ut Wikipedy
Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer
Psychiatrisch Ziekenhuis Franeker
  sikehûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Frjentsjerteradiel
plak Frjentsjer
adres Boarg. J. Dijkstrawei 6
koördinaten 53°11′15″ N 5°31′20″ E
bysûnderheden
ôfkoarting PZF
type psychiatrysk sikehûs
streaming sekulier
skiednis
oprjochting 1848
opheffing 1997
opgien yn Stichting GGZ Fryslân
gebou
namme gebou Grut-Lankum (no Kening State)
arsjitekt E. en Th.R. Knevel
boujier 1928-1930
boustyl saaklik ekspresjonisme
monumint. status ryksmonumint
monumintnûmer 512680
kaart
Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer (Frjentsjer)
Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer
Eardere lokaasje yn Frjentsjer.

It Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer (Nederlânsk en offisjeel: Psychiatrisch Ziekenhuis Franeker) wie in psychiatrysk sikehûs yn 'e Fryske stêd Frjentsjer. De haadfêstiging wie yn 'e state Grut-Lankum, in namme dy't meitiid suver synonym waard mei it psychiatrysk sikehûs. Ek Frjentsjer sels kaam om 'e ynstelling bekend te stean, en yn hiel noardwestlik Fryslân wurde der noch altyd grappen oer makke, bgl. troch te sizzen (oer immen dy't 'net doge' soe): "No, dy komt seker út Frjentsjer" of (tsjin sa'nien): "Moatsto net nei Frjentsjer?"

It Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer kaam yn 1848 ta stân op inisjatyf fan it Provinsjaal Bestjoer fan Fryslân. Doe waard besletten om sechtich psychiatryske pasjinten oer te bringen nei de leechsteande eardere akademygebouwen fan de Universiteit fan Frjentsjer. Op 31 maart 1851 kaam de earste lichting fan 27 pasjinten oan út Dimter, dêr't se oant doe ta opfongen wiene.

Yn 1901 kocht it psychiatrysk sikehûs de bûtenpleats Grut-Lankum oan, mei as bedoeling dat pasjinten dêr yn 'e frisse bûtenlucht wurkje en ferdivedearje koene. Doe't de gebouwen binnen de beboude kom fan Frjentsjer geandewei de earste helte fan 'e tweintichste iuw te lyts waarden foar it sikehûs, waard tusken 1928 en 1930 op it plak fan dy bûtenpleats in nij, rom haadgebou set, dat ek de namme Grut-Lankum krige, mar tsjintwurdich Kening State hjit.

It psychiatrysk sikehûs waard yn 1973 útwreide mei in polyklinyk, en iepene yn 1974 it "doarp Lankwert". Dizze feroarings barden yn it ramt fan oanpassings oan moderne opfettings yn 'e psychiatry. Al earder wiene dêrta nije terapy-ôfdielings ferriisd, wêrûnder it A. Zondaggebou (1970), en wenhuzen oan 'e Foarstrjitte yngripend restaurearre. Op 'e hoeke fan 'e Foarstrjitte mei de Fiverstrjitte waard in ôfdieling geronto-psychiatry boud (1972). Om dy tiid hinne hie it psychiatrysk sikehûs sa'n 600 pasjinten.

It Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer foarme in wichtich fûnemint foar de hjoeddeiske Stichting GGZ Fryslân. Yn 1997 gie de ynrjochting mei ferskate oare, letter oprjochte ynstellings op it mêd fan 'e geastlike sûnenssoarch yn Fryslân op yn dy nije organisaasje. Behalven it Psychiatrysk Sikehûs Frjentsjer kamen dêr ek ta te hearren: it Algemien Psychiatrysk Sikehûs Súdeast-Fryslân, it RIAGG Fryslân, de RIBW Fryslân en it Berne- en Jeugd Psychiatrysk Sintrum It Griene Hert.

Fan 1995 oant ein 2007 wie de soarch fan GGZ Fryslân regionaal yndield yn fjouwer distrikten. Yn 2008 feroare de struktuer fan 'e organisaasje. Yn 2005 waarden de aktiviteiten fan GGZ Fryslân yn Frjentsjer foar in diel oerhevele nei Ljouwert, en kaam Grut-Lankum leech te stean.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Grosso, Maria del, Nieuwe Eigenaar Noodlijdend Kening State, yn: de Ljouwerter Krante, 13 juny 2018, s. 25.