Provinsjale wei 383
N383 | |
---|---|
Langte: | 13,3 km |
Kaart | |
De provinsjale wei 383 is in provinsjale wei yn Fryslân dy't fan Ljouwert oer Marsum nei Sint-Anne rint. Fan Marsum ôf rint de dyk oan oant de oansluting op de A31 rjochting Harns. Yn Sint-Anne slút de dyk oan op de N393.
Fan Marsum ôf oant de N398 is de dyk in twastripe-autowei mei in maksimumfaasje fan 100 km/o. Nei de N398 is de maksimumfaasje 80 km/o. Fan súd nei noard hjit de dyk efterinoar Westergoawei, Hemmemawei en Warmoesstrjitte. Yn de folsmûle is de dyk bekend as de "S10".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ynearsten wie it part fan de N383 tusken Ljouwert en Marsum in rykswei. Neffens it Rykswegeplan 1932 waard it part fan Rykswei 9 (Haarlim - Alkmar - Ofslútdyk - Ljouwert)[1]. Yn de folgjende rykswegeplannen oant en mei dy fan 1968 soe dat stik part fan rykswei 9 bliuwe.
Yn it Earste Struktuerskema Ferkear en Ferfier út 1979 wie foar it earst sprake fan in autodyk tusken Ljouwert en Harns[2]. By Marsum soe dy autodyk nei it suden ta bûge om by Ljouwert lâns nei Drachten te rinnen. Dêrom waard it stik tusken Ljouwert en Marsum in planferfangende dyk en fan it lêste rykswegenplan fan 1984 ôf nûmere as Rykswei 851[3]. Letter waard it stik part fan de N355. De dyk soe dat nûmer hâlde oant 1 jannewaris 1993 doe't de dyk yn it ramt fan de "Wet fan it fannijs ferpartsjen fan it Wegebehear" oerdroegen waard oan de provinsje Fryslân, dy't it nûmer fan de dyk fan Marsum nei Sint-Anne trochluts nei Ljouwert. Yn 2014 waard, yn it ramt fan it projekt Heak om Ljouwert, de N383 tusken de ôfrit Marsum en Ljouwert kommen te ferfallen en ferfongen troch in nije oansluting op de N31, justjes besúdeasten Marsum. De N383 waard dêrmei likernôch 2,5 km koarter.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Diken yn Fryslân | ||
---|---|---|
Rykswegen: A6 ● A7 ● A31/N31 ● A32/N32 | ||
Provinsjale diken: N351 ● N353 ● N354 ● N355 ● N356 ● N357 ● N358 ● N359 ● N361 ● N369 ● N380 ● N381 ● N383 ● N384 ● N390 ● N392 ● N393 ● N398 ● N910 ● N913 ● N917 ● N918 ● N919 ● N924 ● N927 ● N928 ● N979 ● N981 | ||
Jeropeeske wei: E22 | ||
Knooppunten: Knooppunt De Jouwer ● Knooppunt It Hearrenfean ● Knooppunt Oerterperfallaat ● Knooppunt Surch ● Knooppunt Werpsterhoeke | ||
Rûnwegen: Ring Ljouwert ● Ring Snits | ||
· · |