Proto-Dynastyk Tiidrek
It Proto-Dynastyk Tiidrek, ek wol oantsjut as Dynasty 0 of Nakada III of it Semainysk Tiidrek (nei in argeologysk fynplak by As-Semaina), wie de lêste faze fan 'e predynastike Nakadakultuer yn 'e prehistoarje fan it Alde Egypte. De perioade folge op Nakada II en gie foarôf oan it Ier-Dynastyk Tiidrek. It Proto-Dynastyk Tiidrek besloech rûchwei twa iuwen en rûn fan likernôch 3200 f.Kr. oant 3000 f.Kr. Yn dy snuorje ûntjoech it proses fan steatsformaasje, dat yn 'e foargeande perioade fan Nakada II úteinset wie, him fierder troch de oanstelling fan keningen fan wa't de nammen oerlevere binne en dy't oan it haad stiene fan machtige steaten. De oantsjutting 'Dynasty 0' is eins wat misliedend, om't dizze keningen gjin ûnderdiel útmakken fan (bekende) dynastyen. Yn it Proto-Dynastyk Tiidrek waarden de nammen fan 'e keningen fermelden yn ynskripsjes (saneamde serechs) op in ferskaat fan oerflakken, wêrûnder ierdewurk en grêftomben.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Proto-Dynastyk Tiidrek yn it Alde Egypte waard karakterisearre troch in oanhâldend proses fan politike ienwurding. Sa ûntstiene, nei iuwen fan oarloch en feroverings, út 'e ferskate stêdsteaten by de rivier de Nyl lâns yn Opper-Egypte trije wichtige steaten: Tinis, Nakada en Nechen. Nakada, dat tusken de oare beide yn lei, waard it earste troch Tinis oerweldige, dat dêrnei ek Neder-Egypte ferovere. De relaasje tusken Tinis en Nechen is ûnwis, mar it kin wêze dat dy beide steaten op freedsume wize fusearre binne, wêrnei't it Tinityske keningshûs it yn hiele Egypte foar it sizzen krige. De Tinityske keningen waarden begroeven te Abydos, op it begraafplak fan Umm el-Qa'ab.
It proses fan ienwurding kulminearre op dy manear yn it ûntstean fan ien inkele Egyptyske steat, wêrfan't de formaasje de ein fan it Proto-Dynastyk Tiidrek en it begjin fan it Ier-Dynastyk Tiidrek oanjout. De measte egyptologen beskôgje Narmer as de lêste kening fan it Proto-Dynastyk Tiidrek en teffens as de earste kening fan 'e Earste Dynasty fan Egypte. Hy waard as kening fan Tinis foarôfgien troch de farao's Krokkedil, Iry-Hor, Ka en miskien Skorpioen I en Skorpioen II. De nammen fan dy lêste beide keningen soene ferwize kinne nei, of ôflaat wêze kinne fan, de goadinne Serket, dy't in bysûndere iere beskermster fan oare godheden en fan hearskers wie. It is mooglik dat Opper-Egypte ûnder de neamde eardere Tinityske keningen al ta ien steat feriene wie.
Yn it Proto-Dynastyk Tiidrek waard de Egyptyske taal foar it earst fêstlein yn hieroglifen. Der is út dizze perioade fierders sterk argeologysk bewiis oerlevere foar it bestean fan Egyptyske delsettings yn it suden fan Kanaän, dy't troch moderne saakkundigen beskôge wurde as koloanjes of oars hannelsposten. It is mooglik dat yn it Proto-Dynastyk Tiidrek de yrrigaasje útfûn waard. Ek waard yn dy snuorje yn Egypte it silen útfûn, ûnôfhinklik fan 'e Perzyske Golf, dêr't dat al twatûzen jier earder útfûn wie.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
In einfûgel-foarmich palet
-
In bollepalet (foar- en efterkant)
-
In slachfjildpalet, 3100 f.Kr.
-
In fragmint fan in skepter út it Proto-Dynastyk Tiidrek
-
It fjouwerhûnepalet (foar- en efterkant)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.
|