Polygamy
Polygamy (fan it Grykske πολυγαμία, polygamía) is de praktyk fan it trouwen mei mear as ien houlikspartner. Dêrby ûnderskiedt men polygyny en polyandry. Polygyny, of mearwiverij, is it trouwen fan in man mei mear as ien frou, wylst polyandry it trouwen fan in frou mei mear as ien man is. As in houlik ferskate manlike en froulike partners omfettet, sprekt men fan in groepshoulik.
It tsjinstelde fan polygamy is monogamy: it trouwen mei mar ien houlikspartner. Fan âlds bestie in monogaam houlik út in man en in frou, mar sûnt de ynfiering fan it homohoulik yn in grut part fan 'e wrâld kin it ek bestean út twa houlikspartners fan itselde geslacht. It begryp 'monogamy' wurdt gauris brûkt as der gjin sprake is fan in wetlik houlik, mar ynstee fan trou oan ien partner, ek as it giet om pearkefoarming by bistesoarten. Krektsa wurdt ek de oantsjutting 'polygamy' faak tapast yn in de facto-sin. Dêrby giet it dan om relaasjes besteande út trije of mear partners fan wa't it houlik net by wet erkend wurdt.
Neffens wittenskiplik ûndersyk binne minsklike relaasjes fan natuere oer it algemien monogaam, wylst de praktyk fan polygamy yn 'e minderheid is. Dy konklúzje is basearre op sawol wrâlwiid sosjologysk ûndersyk as analyze fan 'e skaaimerken fan 'e minsklike fuortplantingsfysiology.
Histoarysk sjoen kaam polygamy geregeldwei foar, benammen by keningen of oare rike lju. Sa wurdt yn it Alde Testamint fan 'e Bibel beskreaun dat kening Salomo trijehûndert froulju hie. Polygamy by minsken is yn 'e ienentweintichste iuw in gefoelich maatskiplik ûnderwerp. It ferskynsel wurdt yn ferskillende kultueren ferskillend beoardiele en sadwaande yn guon lannen en territoaria oanfitere of alteast akseptearre, wylst it yn oare lannen ferbean is en bestriden wurdt. Sa is it yn it grutste part fan 'e islamityske wrâld tastien, wylst it yn 'e hiele Westerske wrâld ûnder de term bigamy in misdriuw is dêr't men foar ferfolge wurdt. Oars as yn 'e islamityske wrâld is yn 'e Westerske maatskippij oerhoer gjin misdriuw, wat liede kin ta in feitlike steat fan polygamy sûnder wetlike erkenning dy't troch de oerheid beskôge wurdt as in bûtenhoulikse relaasje.
By de moderne gefallen fan polygamy giet it yn 'e oergrutte mearderheid om polygyny. De Ethnographic Atlas, út 1980, telde 1.231 maatskippijen, wêrfan't yn 588 geregeldwei yn 453 út en troch polygyny foarkaam, wylst 186 útslutend monogaam wiene en yn 4 polyandry foarkaam. Mear resint ûndersyk suggerearret lykwols dat polyandry faker foarkomt as men earder tocht. Yn ferbân mei de kosten fan it ûnderhâlden fan mear as ien frou is polygyny yn 'e kultueren dêr't it foarkomt, almeast beheind ta de hegere maatskiplike klassen. Dêrút komt fuort dat it yn sokke maatskippijen troch lju út legere klassen oer it algemien sjoen wurdt as wat dat neistribbe wurde moat fanwegen it prestiizje dat deroan ferbûn is.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|