Springe nei ynhâld

Stêd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Polis)
New York (Feriene Steaten)
Dokkum eartiids: stêden hienen faak in stêdsgrêft, stêdswâlen en stêdspoarten

In stêd is in foarm fan bewenning dêr't in grut tal fan huzen ticht byelkoar stiet en in grut tal fan mienskiplike foarsjennings beskikber is foar de eigen ynwenners en foar de ynwenners fan plakken yn de omkriten.

Yn de midsiuwen wie it skaaimerk fan in stêd de stêdsrjochten, it rjocht op in eigen bestjoer, in eigen wetjouwing en in eigen rjochtspraak. De measte stêden krigen dy rjochten, as ien stêdsrjocht of by ienen, fan in hear oer it gebiet. Foar Nederlân wie dy hear de Kening fan it Dútske Ryk, mar dy hie dat rjocht ek oan oaren jûn.

Stêden koenen lykwols ek oarrewei stêdsrjochten krije. Fan plakken dy't út in eardere stêd groeid wienen, lykas fral yn Súd-Europa eardere Romeinske stêden, waard oannaam dat dy hieltiid noch stêd wienen en stêdsrjocht hienen. En ek wie it mooglik dat in stêd ûntstie om't it lân deromhinne in plak as stêd beskôge. Dit is bygelyks yn Fryslân bard, dêr't de ynfloed fan de kening net grut wie. Stêden hienen faak in stêdsgrêft, stêdswâlen en stêdspoarten. Yn 1851 waard yn Nederlân it ferskil tusken stêden en oare ienheden yn de tredde laach fan bestjoer weimakke troch de Gemeentewet.

Oan de ein fan de 19e iuw begûnen, njonken de stêd sels, ek de plakken yn de omkriten fan de stêd te groeien, en skaaimerken fan stêdsbebouwing oan te nimmen, wylst se foar de foarsjennings rjochte bleaunen op de stêd. Somtiden waarden dy part fan de stêd sels, somtiden waarden dy ta foarstêden. In foarstêd dy't meast eigen wurkgelegenheid en eigen foarsjennings hat en hast allinnich foar kulturele foarsjennings op de oarspronklike stêd rjochte is, hjit in satellytstêd, wylst in foarstêd dy't hast allinnich mar troch op-en-del-reizgers bewenne wurdt in sliepstêd is.

Foar grutte stêden is yn de 20e iuw it gehiel fan stêd en foarstêden sa grut wurden dat it sintrum de ferkearsdruk net mear oan kin. Hjirtroch ferskoot de yndustry nei de bûtenkant fan de stêd. Ek de hannel ferskoot nei bûten, wylst yn de binnenstêd de klam op tjinstferliening en kultuer komt.