Poitiers
Poitiers | ||
Bestjoer | ||
Lân | Frankryk | |
Departemint | Vienne | |
Arrondissemint | Poitiers | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 87 961 (2016) | |
Oerflak | 42,1 km² | |
Befolkingsticht. | 2.089 / km² | |
Stêdekloft | 310.000 (2019) | |
Hichte | 65 - 144 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC | |
Simmertiid | UTC | |
Offisjele webside | ||
Ville de Poitiers |
Poitiers is in stêd en gemeente yn it Frânske departemint Vienne (regio Poitou-Charentes) mei 87.961 ynwenners (2016). It plak heart ta it arrondissement Poitiers.
Stêd en omkriten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It sintrum fan Poitiers leit op in hichte tusken de gearrin fan de rivieren de Clain en de Boivre.
De stêd hat in âld sintrum, in protte tsjerken en in ferskaat oan dingen dy't it besjen wurdich binne, in universiteit en in (lyts) fleanfjild. Dêr stopje TGV's fan de spoarlinen Parys - Bordeaux en La Rochelle oan it stasjon. It plan is dat der ôftakke nei Poitiers fan de LGV Atlantique komt. Teffens leit de stêd oan de sneldyk A10 tusken Parys en Bordeaux.
Net fier fan Poitiers leit it attraksjepark Futuroscope.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al foar de Romeinske ynvaazje fan Galje wie op it plak fan Poitiers in delsetting, dy't waakste ta de Romeinske stêd Lemonum (of Limonum), dêr't termen, in akwadukt en ien fan de grutste amfiteaters fan Frankryk boud waarden (it Amfiteater fan Poitiers).
Faaks hat it by dizze stêd west dat Karel Martel yn 732 de Sarasenen fersloech en sadwaande harren opmars nei Noard-Europa opkearde. Poitiers wie de haadstêd fan de Frânske provinsje Poitou en it waard in bloeiende stêd, net yn 't lêste plak meidat it in sammelpunt foar pylgers ûnderweis nei Santiago de Compostela út noardwest-Jeropa waard. Der waard skitterende romaanske tsjerken set. Der kaam in ein oan de bloei doe't kening Filips Augustus de stêd yn 1208 oermastere. Yn de 14e iuw wie it betstjoer fan de stêd in skoft yn hannen fan Jean de Berry (bekend fan de Très Riches Heures du Duc de Berry, ferluchtige fan de bruorren Van Limburg). Hy liet in belfort sette, mei in klok, dy't it fyfde iepenbiere oewurk fan Frankryk wie.
Yn de Hûndertjierrige Oarloch moasten de Frânsen yn de slach by Poitiers (1356) belies jaan oan de Ingelsken.
Doe't de Ingelsken 1418 Parys ynnamen, flechte kroanprins Karel earst nei Bourges en letter nei Poitiers. De stêd bloeide op; der waarden mûnen boud en der waard 1431 in universiteit stichte.
Untjouwing befolking | |||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Jier | 1936 | 1954 | 1962 | 1968 | 1975 | 1982 | 1990 | 1999 | 2007 | ||
Ynwenners | 44.269 | 52.681 | 62.178 | 71.129 | 81.313 | 79.350 | 78.894 | 83.448 | 89.253[1] |
Berne yn Poitiers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hilarius fan Poitiers (om 315 - 367), tsjerkfaar e-learaar
- Emmeramus (690-?), hillige, biskop yn Dútslân
- Hugo fan Poitiers (ûnbekend-om 930) hillige
- Diane de Poitiers (1499-1566), grevinne fan Saint-Vallier, maîtresse fan Hindrik II fan Frankryk
- Jules Berry (1883-1951), akteur
- Michel Foucault (1926-1984), filosoof
- Marc Augé (1935), antropolooch
- Jean-Pierre Thiollet (1956), skriuwer
Stoarn yn Poitiers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Maksiminus fan Trier (ein 3e iuw-346), Frânsk hillige, biskop yn Dútslân
- Fenantius Fortunatus (om 536-610), dichter yn de Merovingyske tiid en biskop fan Poitiers
- Abdul Rahman Al Ghafiqi (?-732), Jemenitysk emir fan Al-Andalus
- Willem III fan Akwitaanje (900-963), greve fan Poitiers en hartoch fan Akwitaanje
- Willem VI fan Akwitaanje (1004-1038), hartoch fan Akwitaanje
- Robert II fan Meulan (1142-1204), greve fan Meulan
- Karl Lashley (1890-1958), Amerikaansk behavioristysk oriïntearre psycholooch
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Poitiers fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |