Springe nei ynhâld

Pimen I fan Moskou

Ut Wikipedy
Pimen I fan Moskou
Patriarch Pimen
Patriarch Pimen
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sergej Michajlovitsj Izvekov
nasjonaliteit Russysk
berne 23 july 1910
berteplak Bogorodsk
stoarn 3 maaie 1990
stjerplak Moskou
wurkpaad
berop/amt patriarch

Patriarch Pimen I (Russysk: Патриарх Пимен I), berne as Sergej Michajlovitsj Izvekov (Russysk: Сергей Михайлович Извеков) yn Bogorodsk, 23 july (Juliaanske kalinder 10 july) 1910, ferstoarn op 3 maaie 1990 yn it Danilov-kleaster yn Moskou, wie fan 1971 oan syn dea yn 1990 de patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Sergej Michajlovitsj Izvekov waard yn Bogorodsk (tsjintwurdich Noginsk), likernôch 50 km. eastlik fan Moskou, berne as soan fan in monteur. Doe't er 15 wie gyng er yn it kleaster en yn 1927 naam er de monastike namme Pimen oan. Yn 1931 waard er diakenmuonts en 1932 preestermuonts.

De lettere patriarch fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke, luitenant Izvekov (jierren 1940)

De biografy fan Pimen yn de jierren 1930 en de iere jierren 1940 is mar foar in part bekend. Neffens sizzen soed er as lid fan in ynformaasje-ienheid yn it Reade Leger tsjinne ha. Hy moast yn in tiid fan slimme kristenferfolging syn monastike eftergrûn stilhâlde, mar waard dochs arrestearre doe't se dat yn 'e rekken krigen. Nei 1946 wied er muonts yn ferskate russyske kleasters en hied er op meardere plakken ferskillende funksjes yn de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Fanôf 1949 wied er argymandryt fan it Grottekleaster by Pskov, yn it westen fan Ruslân, fanôf 1954 it Trije-ienheid-Sergius Lavra, dat yn dy tiid noch Sagorsk hiet. Op 17 novimber 1957 waard er ta biskop wijd en yn 1960 ta aartsbiskop en tagelyk lid fan de Hillige Synoade. De beneaming ta metropolyt fan Leningrad en Ladoga folge yn 1961 en fanôf 1963 liede er as metropolyt fan Krûtitsy en Kolomna it Moskouse bisdom. Nei de dea fan patriarch Aleksius I waard er op 2 juny 1971 keazen ta patriarch fan Moskou en hiel Ruslân. Patriarch Aleksi I wie al yn 1970 ferstoarn, mar om't yn dat jier it iuwfeest fan Lenin's bertejier fierd waard, woene de autoriteiten fan de Sovjet-Uny net in synoade tastean om yn dat, foar de kommunisten hillige jier, in nije patriarch te kiezen.

Pimen moast de Russysk-Otterdokse Tsjerke liede yn in drege tiid mei skraach of hielendal gjin bewegingsfrijheid foar de Tsjerke. De Kommunistyske Partij hearske oer it lân en it offisjele belied fan de steat wie ateïstysk. It wie foar it oansjen fan de Sovjet-Uny lykwols wol fan belang dat de Tsjerke yn it bûtenlânske belied in rol spile. Yn Pimen's funksje moast er gearwurkje mei de autoriteiten en naam er diel oan tal fan troch de oerheid subsidiëarre fredesinisjativen, dêr't er Sovjet-ûnderskiedings foar krige. Dêrnjonken sette Pimen him yn foar de oekumene en de ferbettering fan kontakten mei ferskate tsjerken yn it Westen.

Pimen by in besite oan de Grêftsjerke yn Jeruzalim

It twadde diel fan syn amtsperioade foel tegearre mei it liberalisearjen fan it kommunistyske systeem ûnder Gorbatsjov. Yn dat tiidrek foelen twa grutte tsjerklike hichtepunten plak: it betinken fan it 1000-jierrich fan de doop fan Ruslân yn 1988 en it 400-jierrich jubileum fan it Moskouse Patriarchaat yn 1989. It 1000-jierrich jubileum brocht de Russysk-Otterdokse Tsjerke de erkenning as in maatskiplik belangrike organisaasje. Pimen I waard op 29 april 1988 troch Gorbatsjov ûntfongen en krige te hearren dat der mear romte foar de Tsjerke komme soe. Boppedat krige Pimen fan Gorbatsjov de tasizzing dat de Russysk-Otterdokse Tsjerke wer godtsjinstûnderwiis jaan mocht. De feestlikheden yn it ramt fan 1000-jierrich jubileum wiene de earste kristlike feesten, dy't troch de offisjele media ferslein waarden. Spitigernôch makke Pimen de feroarings sels net mear mei, want pas nei syn dea waarden dy mei de nije religywet fan 1 oktober 1990 yn de grûnwet ferankere.

By de plechtigheden fan it 400-jierrich jubileum fan it Moskouse Patriarchaat waard op 13 oktober 1989 sels in routsjinst foar de ferstoarne patriargen yn de Uspenskikatedraal fan it Moskouse kremlyn tastien. Dat wie de earste tsjerklike plechtichheid yn it kremlyn sûnt 1918. Pimen I wie yn dy tiid al slim siik en koe de tsjinst sels net liede, mar joech foar de katedraal nei de tsjinst bûten syn segen oan de grutte kliber folk.

Al foar de jubiliea hie Pimen I yn 1982 de autoriteiten frege ien fan de ûnteigene kleasters oan de Tsjerke werom te jaan om dêr it adminstrative sintrum fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke ûnder te bringen. Der waard tastimming ferliend en de Tsjerke mocht sels útsykje hokker kleaster se werom ha woe. It waard it Danilov-kleaster, dat fuortendaliks restaurearre wurde moast. De nije ynwijing fan it restaurearre kleaster foel gear mei it 1000-jierrich jubileum.

Pimen hie yn syn lêste libbensfaze te lijen fan swiere diabetes en krige op it lêst dêr ek noch kanker oerhinne. Nettsjinsteande dat it him tige dreech foel besocht er dochs syn plichten nei te kommen. De ferstoarne patriarch waard yn de krypte fan de Uspenskikatedraal fan it Trije-ienheid-Sergius Lavra fan Sergiev Posad byset. Imen waard opfolge troch Aleksi II.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Pimen I.