Peter van Straaten
Peter van Straaten (Arnhim, 25 maart 1935 - Amsterdam, 8 desimber 2016) wie in Nederlânsk cartoonist en striptekener. Van Straaten wûn fiif kear de Inktspotpriis.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei it Stedelik Gymnasium Arnhim, dêr't er al yllustraasjes foar de skoalkrante makke, die Van Straaten in oplieding oan de Gerrit Rietveld Akademy te Amsterdam. Hy begûn syn karriêre yn 1958 by Het Parool, ynearsten as reportaazjekener. Letter makke er ek politike tekeningen. Hy begûn yn 1968 mei de strip 'Vader & Zoon' yn Het Parool. Dy polityk kleure strip oer in grouwe, âlderwetske, konservative heit yn in altyd krytstreekje pak en syn wat sutterich útsjende, slanke, links-oriëntearre soan waard mei sa'n 7000 tekeningen in grut súkses en ferskynde oant yn 1987. De krantestrips fan Vader & Zoon waarden ek yn in rige stripalbums útjûn. Fan 1988 ôf betocht er seis kear de wike in tekening mei ûnderskrift foar de krante Het Parool yn de searje 'Het dagelijks leven'. De humor yn syn tekeningen wurdt wol omskrean as in foarm fan 'leedfermaak'.
In protte fan zyn tekeningen yn dy styl waarden bondele yn de rige Zorgelijke grappen. De earste bondel yn dy rige, Moeder ik ben niet gelukkig, kaam út yn 1973. Deselde styl brûkte er yn (de altyd fout stavere) Peter's Zeurkalender, in skuorkalinder dy't sûnt 1993 (Peter's Zeurkalender 1994) jierliks útjûn wurdt.
Dêrneist publisearre er ûnder mear yn it Flaamsk blêd Humo (de rubryk 'Doe ik 't goed?'), Penthouse en fan 1969 oant 2014 alle wiken in politike cartoon yn Vrij Nederland. Foar dat lêste tydskrift skreau er tusken 1986 en 2000 ek alle wiken in fuljeton oer het 'sutterich libben' fan de frijfaam 'Agnes'. Fan 1984 wie er dêr al mei út ein set yn Het Parool. Yn 1998 yllustrearre er it berneboek Een Jongen en zijn Boom. Yn NRC Handelsblad hie er in yllustrearre kollumn.
Ek yn 1998 kocht it Ryksmuseum Amsterdam mear as fyftich fan syn tekeningen. Op 1 april 2012 hold Peter van Straaten, nei 24 jier, op mei de tekeningen foar de searje 'Het dagelijks leven' yn Het Parool. Hy publisearre fan 2012 ôf oant er weirekke wykliks yn deiblêd de Volkskrant. Van Straaten syn lêste bondel kaam yn 2015 út, Over Tekenen en Over Natuur, en syn lêste tekening, Daar lag Engeland, ferskynde op 2 augustus 2016 yn de Volkskrant.
Peter syn âldere broer Gerard (1924-2011) wie ek yllustrator.[1]
Prizen en ûnderskiedings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1970 LOF-priis
- 1972 LOF-priis foar de Nederlânske sjoernalistyk foar de Vader & Zoon-strip.
- 1983 Stripschapprijs foar it gânse oeuvre
- 1988 Joop Klepzeiker-priis foar Vader & Zoon-strip
- 1994 Prof. Pi-priis foar it gânse oeuvre
- 1994 Inktspotpriis foar de bêste politike print fan it jier
- 1996 Underskieden yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw
- 1997 Inktspotpriis foar de bêste politike print fan it jier
- 2003 Inktspotpriis foar de bêste politike print fan it jier
- 2005 Sulveren medalje fan de stêd Amsterdam
- 2006 Gouden Ganzenveer
- 2010 Jacobus van Looypriis (foar tekener- en skriuwerwêzen)
- 2010 Inktspotpriis foar de bêste politike print fan it jier
- 2011 Earedoktoraat fan de Universiteit Leien.
- 2016 Inktspotpriis foar de bêste politike print fan it jier
Wurk in iepenbiere kolleksjes (in kar)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|