Springe nei ynhâld

Peter Ustinov

Ut Wikipedy
Peter Ustinov
akteur
Portret fan Peter Ustinov troch Allan Warren.
Portret fan Peter Ustinov troch Allan Warren.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Alexander Ustinov
nasjonaliteit Britsk
berne 16 april 1921
berteplak Londen
stoarn 28 maart 2004 (82 jier)
stjerplak Genolier (Switserlân)
jierren aktyf 1938–2004
prizen Sjoch en:Peter Ustinov#Awards and nominations
offisjele webside
IMDb-profyl
TMDB-profyl
Moviemeter-profyl<

Sir Peter Ustinov, ek bekend as Peter Alexander baron von Ustinov (Londen, 16 april 1921Genolier, 28 maart 2004), wie in Britsk akteur, skriuwer, toanielskriuwer en konferansier.

Ustinov krige tal fan ûnderskiedingen, wêrûnder twa Academy Awards, in BAFTA Award, trije Emmy Awards en in Grammy Award.

Ustinov waard berne as bern fan in Russysk-Dútske heit, Jona Ustinov (Dútsk sjoernalist en diplomaat) en in Frânske mem, Nadia Benois (1896-1974). Hy gie nei de Westminster School (1934-1937) en studearre dêrnei oan de London Theatre Studio (1937-1939).

Hy debutearre yn 1938 op it toaniel en makke al gau namme as akteur. Nei syn militêre tsjinst yn de Twadde Wrâldoarloch wreide er syn wurksumheden út ta de skriuwerij. Syn earste sukses op dat mêd belibbe er yn 1951 mei The Love of Four Colonels. Syn karriêre as dramatikus ferrûn parallel mei syn aktearwurk. Syn bekendste wurk wie Romanoff and Juliet út 1956.

Ta syn bekende filmrollen hearre Kaptein Vere yn Billy Budd (1962), Lentulus Batiatus yn Spartacus (1960) en ek fertolke er yn seis films de rol fan masterdetective Hercule Poirot yn de films nei de boeken fan Agatha Christie. Dat die er foar it earst yn Death on the Nile (1978).

Ustinov (lofts) as Hercule Poirot mei John Gielgud yn Appointment with Death (1988)

Yn 1977 publisearre hy syn autobiografy Dear Me dy 't tige goed ûntfongen waard. Yn 1990 ferskynde The Old Man and Mr. Smith (Nederlânske útjefte: De oude man en meneer Smith. Een fabel, 1992).

Ustinov wie ek stimakteur. Hy fertolke yn Walt Disneys film Robin Hood de stim foar de rol fan Prins John. Hy wie ek de stim fan Doctor Snugles.

Ustinov wie in polyglot. Hy spruts floeiend Ingelsk, Frânsk, Dútsk, Italjaansk, Russysk en Spaansk. Dêrneist spruts er wat Turksk en modern Gryksk.

Hy waard yn 1990 riddere troch Keninginne Elizabeth II.

Yn 1984 wie er ûnbedoeld tsjûge fan de moard op premier Indira Gandhi fan Yndia. Se soe troch Ustinov ynterviewd wurde foar in dokumintêre op de Ierske telefyzje, mar ûnderweis waard se troch har twa liifwachten fermoarde.

Persoanlik libben

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ustinov mei Suzanne Cloutier en dochter yn de jierren 1950

Ustinov hat trije kear troud west - earst mei Isolde Denham (1920 -1987), dochter fan Reginald Denham en Moyna Macgill. It houlik duorre fan 1940 oant harren skieding yn 1950 en se hiene ien bern, dochter Tamara Ustinov. Isolde wie de healsuster fan Angela Lansbury, dy 't tegearre mei Ustinov spile yn Death on the Nile. Syn twadde houlik wie mei Suzanne Cloutier, dat duorre fan 1954 oant harren skieding yn 1971. Se krigen trije bern: twa dochters, Pavla Ustinov en Andrea Ustinov, en in soan, Igor Ustinov. Syn tredde houlik wie mei Helene du Lau d' Allemans, dat duorre fan 1972 oant syn dea yn 2004.

Ustinov wie in sekulier humanist. Hy stie te boek as in foarname oanhinger fan de British Humanist Association, en hie ea yn harren advysried sitten. Ustinov hie sûkersykte en in hertfalen yn syn lêste jierren.

Yn 1999 stichten Sir Peter en syn soan Igor Ustinov de Sir Peter Ustinov Stiftung (Sir Peter Ustinov Stichting) yn de stêd München yn Dútslân. De stichting sit no yn Frankfurt am Main.

Boekpublikaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • 1945: The Banbury nose; toanielstik
  • 1950: Plays about people; toanielstik
  • 1951: The Love of Four Colonels
  • 1959: Add a dash of pity
  • 1959: God and the State Railways
  • 1960: The Loser
  • 1961: We were only human
  • 1962: Photo finish
  • 1968: Halfway up the Tree
  • 1968: The unknown soldier and his wife
  • 1971: Krumnagel
  • 1977: Dear Me
  • 1987: Ustinov in Russia
  • 1989: The Disinformer: Two Novellas
  • 1990: The Old Man and Mr. Smith
  • 1998: Monsieur René

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: