Springe nei ynhâld

Pat Smear

Ut Wikipedy
Pat Smear
sjonger en/of muzikant
Pat Smear (2018)
Pat Smear (2018)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Georg Albert Ruthenberg
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 5 augustus 1959
berteplak Los Angeles
wurkpaad
sjenre Grunge,
Rock,
Punk
ynstrumint Gitaar
grutste hit(s) Walk
Rope
jierren aktyf 1976-No

Pat Smear (berne as Georg Albert Ruthenberg) ( Los Angeles, 5 augustus 1959) is in Amerikaanske gitarist. Hy is benammen bekend as gitarist fan de Foo Fighters.

Smear groeide op yn Californië. Hy rjochte yn 1976 tegearre mei Darby Crash de band The Germs op mei bassist Lorna Doom en drummer Dottie Danger, in pseudonym fan Belinda Carlisle. Har plak waard letter ynnommen troch Don Bolles. Mei The Germs brocht er yn 1979 it album GI út. Letter spile er mei Nina Hagen en makke twa solo-albums: So you fell in love with a musician en Ruthensmear.

Hy ferskynde ek yn telefyzjesearjes en films, wêrûnder Blade Runner. Doe 't er oan de film Breakin' wurke, moete er Courtney Love, en yn 1993 waard er troch Kurt Cobain frege om ta stipe fan de toernee's by Nirvana te spyljen; Smear akseptearre it oanbod en gie mei op toernee. Dat duorre mar sa'n seis moanne om't Cobain himsels te koart die yn april 1994.

Nei de ein fan Nirvana rjochte drummer Dave Grohl de Foo Fighters op en frege Smear yn de band. Hy spile mei harren oant septimber 1997. Dêrnei wurke er oan in tal TF-reklamespots en wurke er as produsint. Yn 2005 kearde er werom by de Foo Fighters, earst alline om te stypjen by de toernee's, en fan 2010 ôf wied er wer in folweardig bandlid.

Album Utbrocht op Band Single(s)
GI oktober 1979 The Germs
Ruthensmear 4 novimber 1987 Pat Smear
So You Fell in Love with a Musician... 1992
Foo Fighters 4 july 1995 Foo Fighters Exhausted,
This Is a Call,
I'll Stick Around,
For All the Cows,
Big Me
The Colour and the Shape 20 maaie 1997 Monkey Wrench,
Everlong,
My Hero
Wasting Light 12 april 2011 Rope,
White Limo,
Walk,
Arlandria,
These Days,
Bridge Burning
Sonic Highways 10 novimber 2014 Something from Nothing,
The Feast and the Famine,
Congregation,
What Did I Do? / God as My Witness,
Outside
Concrete and Gold 15 septimber 2017 Run,
The Sky Is a Neighborhood,
The Line
Medicine at Midnight 5 febrewaris 2021 Shame Shame,
No Son of Mine,
Waiting on a War,
Making a Fire,
Love Dies Young
But Here We Are 2 juny 2023 Rescued,
Under You,
Show Me How,
The Teacher

As gastmuzikant

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nûmer(s) Album Utbrocht yn Mei band
Let It Die Echoes, Silence, Patience & Grace 2007 Foo Fighters

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:EN
  • Wikipedy:NL