Springe nei ynhâld

Passengers (film út 2016)

Ut Wikipedy
Passengers
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Morten Tyldum
produsint Stephen Hamel
Michael Maher
Neal H. Moritz
Ori Marmur
senario Jon Spaihts
kamerarezjy Rodrigo Prieto
muzyk Thomas Newman
filmstudio Village Roadshow Pictures
Start Motion Pictures
Original Film
LStar Capital
Wanda Pictures
Company Films
distribúsje Columbia Pictures
spilers
haadrollen Chris Pratt
Jennifer Lawrence
byrollen Michael Sheen
Laurence Fishburne
Andy Garcia
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Austraalje
Sina
premiêre 14 desimber 2016
foarm langspylfilm
sjenre romantyske science fiction-film
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $110 miljoen
opbringst $303,1 miljoen

Passengers is in Amerikaansk-Australysk-Sineeske romantyske science fiction-film út 2016 ûnder rezjy fan Morten Tyldum. De titel betsjut: "Passazjiers". De film, mei yn 'e haadrollen akteurs Chris Pratt en Jennifer Lawrence, waard makke nei in senario fan Jon Spaihts. De plot giet oer in romteskip dat op in 120 jier duorjende reis tûzenen kolonisten nei in fiere planeet bringt. Twa fan harren wurde 90 jier te betiid wekker út harren stasis. Passengers krige mingde resinsjes, mar brocht $303 miljoen op, wêrmei't it de op twa nei súksesfolste Amerikaanske orizjinele live-actionfilm fan 2016 wie. De film waard nominearre foar twa Oscars, foar bêste filmmuzyk en bêste produksje-ûntwerp.

De Avalon is in sliepskip, dat 5.000 kolonisten en 258 bemanningsleden ferfiert dy't allegear yn stasissliep ferkeare en folslein op 'e selsregeljende technology fan it skip fertrouwe. It romteskip giet nei de planeet Homestead II, dêr't in nije, troch minsken bewenne koloanje stifte wurde sil. De reis dêrhinne sil yn totaal 120 jier duorje, wat de reden is dat alle opfarrenden yn stasis brocht binne. As de Avalon tritich jier ûnderweis is, wurdt it lykwols rekke troch in asteroïde ter grutte fan in fûst, dy't in gatsje yn 'e romp slacht en kritike skea tabringt oan 'e kompjûtermodule dy't de wurking fan 'e fúzjereäktor regelet. Dat soarget foar in domino-effekt wêrby't almar mear kompjûtersystemen begjinne te haperjen.

Ien fan dy kompjûtersystemen regelet de wurking fan 'e stasiskokon fan 'e passazjier Jim Preston, in technikus, dy't dêrtroch 90 jier te betiid wekker wurdt. As er foar it ferstân kriget dat er fierstente betiid út syn stasis ûntwekke is, besiket er earst fan alles om syn stasiskokon wer oan 'e praat te krijen. Dat moat er lykwols úteinlik oerjaan om't de technyk om minsken yn stasis te pleatsen simpelwei net oan board fan 'e Avalon is. Der hat him nammentlik noch nea earder in probleem mei de stasiskokons foardien, dat it bedriuw dat de Avalon boud hat, is der wis fan dat it ûnmooglik is dat minsken te betiid wekker wurde. Jim bringt dêrnei in jier lang yn isolaasje troch, mei inkeld de androïde-barkeeper Arthur as selskip. Uteinlik rekket er sa djip wei yn in klinyske depresje dat er op it punt stiet om selsmoard te dwaan.

Op in dei merkt er lykwols yn in stasiskokon in tsjeppe jonge frou op, dy't Aurora Lane hjit. Hy iepenet har digitaal dossier en siket alles oer har op dat er fine kin, wêrûnder in protte opnamen fan har fan foar it begjin fan 'e reis. Hy rekket fereale op har en fettet it plan op om har wekker te meitsjen, sadat er net mear allinnich wêze sil. Om't der gjin manear is om wer yn stasissliep te kommen, soed er har dêrmei ta in hiel libben oan board fan 'e Avalon feroardielje, mei't se dan, krekt as hysels, stjerre soe foar't it skip by Homestead II oankomt. Nei't er in skoft wraksele hat mei de moraliteit fan syn plan, en it mei Arthur bepraat hat (dy't him lykwols gjin rie jaan kin), beslút er it dochs troch te setten, ek al wit er dat it ferkeard is. Dêrta sabotearret er Aurora har stasiskokon, en as se wekker wurden is, beart er dat har kokon krekt as syn eigen defekt rekke is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Aurora is der stikken fan dat se har libben no op it skip útlibje moatte sil, en krekt as Jim besiket se yn it begjin fan alles om wer yn stasissliep te kommen. Uteinlik kin se lykwols net oars as har by de sitewaasje dellizze. Om't se sjoernaliste is, beslút se in boek oer har ûnderfinings te skriuwen, ek al wit se dat dat, alteast by har libben, net publisearre wurde sil. Geandewei it folgjende jier groeie Jim en Aurora nei inoar ta, en úteinlik rekket sy ek fereale op him. Hy beslút om har te freegjen om mei him te trouwen en makket dêrta sels in trouring om oan har te jaan. Mar ear't er dat dwaan kin, ferpraat Arthur him en bringt dêrmei út dat Jim Aurora mei opsetsin út har stasis helle hat. Aurora fielt har ferret en wurdt neitiid tramtearre troch razernij en oare, faak tsjinstridige emoasjes. Ofwikseljend flokt se Jim út, negearret se him en fljocht se him oan. Poerrazen stegeret se syn smeekbea om ferjeffenis ôf, en op in stuit is der frijwol gjin kontakt mear tusken harren. Jim hâldt lykwols oan mei te besykjen om it goed te meitsjen en betinkt dêrta de apartste dingen. Sa plantet er in jonge ikebeam yn it atrium fan it skip.

Koarte tiid letter rekket der op 'e nij in stasiskokon defekt, mei as gefolch dat in bemanningslid, Gus Mancuso, wekker wurdt. De ôfrûne pear jier hiene Jim en letter Aurora al opmurken dat der geregeldwei kompjûtersteurings wiene en oare dingen dy't stikken giene, mar mei't se gjin ferstân fan it skip hiene, tochten se dêr fierders neat fan. Gus beseft lykwols daliks dat er wat mis is, en giet op ûndersyk út. Hy ûntdekt in grut tal systeemflaters yn it kompjûtersysteem fan it skip, dy't mei koarten liede sille ta it útfallen fan it hiele skip, mei as gefolch dat it nea op syn bestimming oankomme sil. Om't er begrypt dat de systeemflaters allegear symptomen binne fan in ûnderlizzend probleem, giet er mei help fan Jim en Aurora op ûndersyk út nei wat dat wêze kin. Ear't se dat útfine kinne, rekket Gus siik, en as Jim en Aurora him nei de Autodoc (de automatisearre 'dokter') bringe, blykt dat syn defekte stasiskokon syn lichemsfunksjes sadanich ûntregele hat, dat er noch mar in pear oeren te libjen hat. Ear't er stjert, jout er lykwols oan Jim en Aurora syn identiteitsynsynje en syn bemanningskoade, sadat sy beiden, om it skip te reparearjen, op plakken yn 'e Avalon komme kinne dy't oars net tagonklik binne foar passazjiers.

As Jim en Aurora neitiid fierder sykje, ûntdekke (en tichtsje) se einlings it gat dat mear as twa jier earder troch de lytse asteroïde yn 'e romp fan 'e Avalon slein is. It reparearjen fan 'e kompjûtermodule dy't de wurking fan 'e fúzjereäktor regelet, is dreger, mar ek dat slagget. Tsjin dy tiid hat it net-wurkjen fan 'e kompjûtermodule der lykwols foar soarge dat der brân útbrutsen is yn 'e reäktor. As Jim en Aurora besykje om 'e lucht yn 'e reäktor (en dêrmei it fjoer) nei de romte ta ûntsnappe te litten, docht bliken dat it ûntsnappingspoartsje net iepen wol. Jim moat mei in romtepak oan fan bûtenôf yn it ûntsnappingskanaal klimme om it poartsje hânmjittich te iepenjen, wylst Aurora fan binnenút it skip de reäktor ûntluchtet. Dêrby wurdt Jim de romte yn blaasd en brekt de koarde dêr't er mei oan it skip befêstige is. Hy hat dan gjin mooglikheid mear om werom te kearen.

Aurora, dy't deadsbenaud is allinnich efter te bliuwen, docht sels ek in romtepak oan en giet him efternei, mar hy is fierder fuort as har eigen koarde rikt. Op it lêste momint wit se lykwols syn los omdriuwende koarde fêst te gripen, sadat se him binnenhelje kin. Tsjin dy tiid hat Jim, waans pak lekslein is by it ûntluchtsjen fan 'e fúzjereäktor, al syn soerstof opbrûkt. Aurora wit him lykwols yn 'e kokon fan 'e Autodoc te bringen, dy't him reänimearje kin. Aurora wie earder al ta neitinken stimd doe't Gus tsjin har sei dat in ferdrinkende man geregeldwei in oar meisleept yn 'e dea troch him oan sa'n oar fêst te gripen: dat is minske' aard. No is se sa bliid om him werom te hawwen dat se Jim ferjout dat er har wekker makke hat.

Jim, lykwols, nimt har letter mei werom nei de Autodoc, dy't in funksje blykt te hawwen dy't yn 'e praktyk op itselde delkomt as stasissliep. Earder koed er net by dy funksje, mar mei Gus syn ynsynje en koade, kin er dat no wol. Der is lykwols mar ien Autodoc, en dêr past mar ien persoan yn. Jim wol dat Aurora har yn 'e kokon fan 'e Autodoc deljout, sadat se dêr de rest fan 'e reis yn trochbringe kin. Aurora beseft dat se dan Jim nea wer sjen sil, om't dy dan al dea wêze sil ear't sy wer wekker wurdt. Se beslút dan om sels ek wekker te bliuwen. Koarte tiid letter jout Jim har de trouring, dy't er foar har makke hie, en freget har om mei him te trouwen, en sy seit ja.

Achtentachtich jier letter wurde de bemanningsleden fan 'e Avalon op skema út stasissliep wekker foar de oankomst by Homestead II. As se it atrium fan it skip yngeane, ûntdekke se dêr in folgroeide ikebeam dy't it mulpunt is fan in wielderich wâld mei iepen wetter en alderhanne floara en fauna. Deunby is in houten hûs boud. De bemanning fynt it boek werom dat Aurora skreaun hat oer it prachtige libben dat syn Jim tegearre op 'e Avalon opboud hawwe.

Chris Pratt.
Jennifer Lawrence.
haadrollen
personaazje                            akteur/aktrise
Jim Preston Chris Pratt
Aurora Lane Jennifer Lawrence


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Arthur (androïde) Michael Sheen
Gus Mancuso Laurence Fishburne
kaptein Norris Andy Garcia
holografyske dûnsynstrukteur Nazanin Boniadi
holografyske dûnsynstruktrise Julee Cerda
Celeste (Aurora har bêste freondinne) Aurora Perrineau

Fierders wurken Emma Clarke, Chris Edgerly, Matt Corboy, Fred Melamed en senarioskriuwer Jon Spaihts oan 'e film mei as respektivelik: de stimmen fan 'e Avalon, InfoMat, in fideospultsje, it observatoarium en de Autodoc.

It oarspronklike senario foar Passengers waard al yn 2007 skreaun troch Jon Spaihts, en hie itselde útgongspunt as it stripferhaal 50 Girls 50, fan Al Williamson, dat yn it july/augustusnûmer fan Weird Science út 1953 publisearre waard. Dat gie ek oer in sliepskip dat kolonisten nei in nije wrâld ferfiert, en dêr wurde ek twa fan 'e passazjiers te betiid wekker, wêrnei't se fereale opinoar reitsje.

De produksje fan 'e film kaam der lykwols mar net fan. Op in stuit soene Keanu Reeves en Emily Blunt de haadrollen spylje, mar dat gie oer, en letter wie der sprake fan dat Reese Witherspoon, en noch wer letter Rachel McAdams, Aurora spylje soe, mar dat rûn ek op 'e non. Brian Kirk soe mei de film oarspronklik syn rezjydebút meitsje. Uteinlik waard op 5 desimber 2014 bekend dat Sony Pictures Entertainment de auteursrjochten op Passengers kocht hie. Begjin 2015 waard Morten Tyldum útkeazen as regisseur. Dy hie altyd al in grutte science fiction-film meitsje wollen, mar dan wol ien fan it subsjenre fan 'e sêfte science fiction, oer karakterûntwikkeling fan 'e haadpersoanen, ynstee fan in film dy't inkeld oer takomstige wittenskip en technology gie.

Passengers waard produsearre troch Stephen Hamel, Michael Maher, Neal H. Moritz en Ori Marmur foar de Amerikaanske filmstudio's Start Motion Pictures, Original Film, LStar Capital en Company Films, it Amerikaansk-Australyske Village Roadshow Pictures en it Sineeske Wanda Pictures en. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Rodrigo Prieto, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Thomas Newman. De distribúsje fan Passengers waard dien troch Columbia Pictures. Foar de haadrollen waarden úteinlik Chris Pratt en Jennifer Lawrence oanlutsen. Pratt krige foar syn rol $12 miljoen, wylst oan Lawrence $20 miljoen betelle waard plus 30% fan 'e winst nei't de kosten derút wiene. Passengers waard yn syn gehiel filme yn 'e Pinewood Atlanta Studios bûten Atlanta, dêr't de opnamen op 15 septimber 2015 úteinsetten en op 12 febrewaris 2016 foltôge waarden. Foar de film wie in budget beskikber fan $110 miljoen.

De galapremiêre fan Passengers fûn plak op 14 desimber 2016 yn it Regency Village Theater yn Los Angeles. Op 21 desimber iepene de film yn 'e Amerikaanske bioskopen, tagelyk mei Sing en Assassin's Creed. Neitiid waard Passengers op 14 maart 2017 útbrocht op dvd en blu-ray. Fan 14 maart fan dat jier ôf wie de film ek as digitale download beskikber fia Amazon Video en iTunes

Passengers krige mingde reäksjes fan 'e filmkritisy. Hoewol't de aktearprestaasjes fan Chris Pratt en Jennifer Lawrence oer it algemien priizge waarden, en dêropta ek de filmmuzyk en it fisuële oansjen oan 'e film, wie der krityk op 'e plot en de personaazjes. Yn The San Francisco Chronicle joech Mick LaSalle de film trije fan fjouwer stjerren. Hy skreau: "Nettsjinsteande de beheining [ta it romteskip] en de lytse cast, hat Passengers mominten fan yntins drama dy't de akteurs ta de fertolking fan ektreme gefoelens bringen." Yn it tydskrift Empire omskreau James Dyer Passengers as "Titanic tusken de stjerren". Peter Bradshaw, fan The Guardian, neamde de film in "ynnimlike science fiction-românse", mar bekritisearre de ein as "in antyklimaks".

Yn The Boston Globe joech Peter Keough de film mar twa en in heale stjer fan fjouwer. Hy skreau: "As in goed skreaun toanielstik foar in cast fan trije hie Passengers miskien in earsteklas ferhaal west. Ynstee dêrfan is it gewoan noch mar wer in midsmjittige rit yn in achtbaan wurden." Rebecca Hawkes, fan The Telegraph omskreau de film as "gjin românse, mar in grizelige oade oan manipulaasje." De sabotaazje troch it personaazje fan Chris Pratt fan 'e stasiskokon fan it personaazje fan Jennifer Lawrence seach se as in "die fan geweld", dy't yn 'e film behimmele en goedpraat wurde soe. Andrew Pulver neamde datselde plotelemint yn The Guardian "in fantastysk glûperich begjin" fan wat er seach as de "ynterstellêre ferzje fan stalking op sosjale media." Op 'e webside Vox omskreau Alissa Wilkinson Passengers as in ferhaal oer it Stockholmsyndroom, "wêryn't de finzene [...] fan har finzennimmer begjint te hâlden", wat se "in tige ûntrêstgjende winskferfollingsfantasij" neamde.

De webside Rotten Tomatoes, dy't filmresinsjes sammelet, joech Passengers in goedkarringspersintaazje fan 30% op basis fan 255 resinsjes. Dêr wie de folgjende konsensuskrityk oan tafoege: "Passengers bewiist dat Chris Pratt en Jennifer Lawrence goed gearwurkje kinne – en dat sels de gemy tusken harren net genôch is om in fatale flater yn in ferhaal goed te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Passengers in goedkarringspersintaazje fan 41% op basis fan 48 resinsjes.

Passengers brocht yn Noard-Amearika $100 miljoen op, en yn 'e rest fan 'e wrâld $203,1 miljoen, wat de totale opbringst op $303,1 miljoen bringt. Ofset tsjin it budget fan $110 miljoen komt dat del op in skjinne winst fan 193 miljoen. Passengers wie yn 'e Feriene Steaten de op twa nei súksesfolste Amerikaanske orizjinele live-actionfilm fan 2016, nei La La Land en Central Intelligence. Passengers waard yn 2017 nominearre foar in Saturn Award foar bêste science fiction-film, en sleepte dêropta noch fjouwer oare nominaasjes foar Saturn Awards yn 'e wacht, yn 'e kategoryen bêste akteur (foar Pratt), bêste aktrise (foar Lawrence), bêste filmmuzyk en bêste produksje-ûntwerp. Boppedat waard de film yn 2017 ek nominearre foar twa Oscars, foar bêste orizjinele filmmuzyk en bêste produksje-ûntwerp.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.