Springe nei ynhâld

Paralimni

Ut Wikipedy
Paralimni
Παραλίμνι
De âlde en nije Sint-Joaristsjerke.
De âlde en nije Sint-Joaristsjerke.
Bestjoer
Lân Republyk Syprus
Distrikt Famagusta
Sifers
Ynwennertal 19.035 (2021)
Oar
Tiidsône UTC 2
Simmertiid UTC 3
Koördinaten 35° 02' N 33° 58' E
Offisjele webside
www.paralimni.org.cy
Kaart
Paralimni (Syprus)
Paralimni

Paralimni (Gryksk: Παραλίμνι) is in stêd en gemeente yn it súdeasten fan Syprus. Sûnt de Turkske ynvaazje fan Syprus yn 1974 is Paralimni it bestjoerlike sintrum fan it distrikt Famagusta, dat foar in grut part yn it fan 'e Turken besette Noard-Syprus leit.

Befolking en lokaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de Turkske ynvaazje flechten in soad minsken út it noarden fan it lân nei it suden. In diel fan 'e ferdreaune Gryksk-Syprioaten setten harren yn Paralimni nei wenjen. De bewenners wurkje fral yn 'e toeristesektor yn Agia Napa. Dêrnjonken spilet de lânbou in gruttere rol yn 'e lokale ekonomy.

Protaras-strân.

It oarspronklike Paralimni leit likernôch 3 km it lân yn en trije km súd fan 'e skieding tusken Syprus en it fan Turkije besette diel. Paralimni leit oan 'e eastlike igge fan 'e meastentiids drûchsteande Paralimnimar. De namme Paralimni bestjut dan ek 'igge fan 'e mar'. It gemeentegebiet is grutter en leit oant de kust en yn in diel fan 'e buffersône fan 'e Feriene Naasjes. De baaiplakken Protaras, Pernera en Kapparis falle ek ûnder de gemeente. Protaras is fanwegen it toerisme ynternasjonaal folle bekender as de gemeente sels. Oangrinzgjende gemeenten- resp. doarpen binne Deryneia, Sotira en Agia Napa.

Oan 'e kust leit de argeologyske opgraving Nissia, dy't út de jonge stientiid stamt. Yn 'e âldheid lei op it hjoeddeiske gemeentegebiet de stêd Lefkolla, dêr't gjin resten fan bewarre bleaun binne.

Eartiids wie Paralimni fral bekend fanwegen syn wynmûnen. Yn it plak leit it grutste doarpsplein (Platia) fan Syprus. De âldste tsjerke is de 13e-iuwske Sint-Annatsjerke. De Sint-Joaristsjerke waard yn 'e 19e iuw boud. Mei de groei fan 'e befolking binne der ferskillende nije tsjerken byboud, lykas de nije Sint-Joaristsjerke út it begjin fan 'e jierren 1990.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: