Pallottinen
Appearance
De pallottinen binne in mienskip fan apostoalysk libben (Latyn: Societas Apostolicatus Catholici, ôfkoarte S.A.C.) yn de Roomsk-Katolike Tsjerke, dy't yn 1835 troch Vincenzo Pallotti (1795-1850; hillichferklearre yn 1963) stifte is.
De kongregaasje waard foar jongerein- en finzenispastoraat en missywurk oprjochte en hat mienskippen yn alle seis wrâlddielen.
Kameroen waard tsjin it ein fan de 19e iuw troch Dútske pallottinen kristene.
Under studinten fan it seminaarje fan de paters pallotinen by Vallendar oan de Ryn ûnstie de saneamde Schönstatt-beweging. Sûnt de Earste Wrâldkriich krige dy beweging yn 'e Dútske katolike mienskip in soad ynfloed.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|