Springe nei ynhâld

Opkomst

Ut Wikipedy
Rigen kiezers foar in stimburo yn Bagdad by de Iraakske parlemintsferkiezings yn 2005.

De opkomst is it tal minsken dat earne foar opdaagjen komt. Yn 'e kontekst fan ferkiezings, dêr't it almeast foar brûkt wurdt, ferwiist it spesifyk nei it persintaazje fan 'e stimberjochtige kiezers dat syn stim útbringt. Nei't de opkomst yn 'e measte lannen geandewei de tweintichste iuw almar oanwoeksen wie, begûn it yn Westerske demokrasyen fan 'e 1980-er jierren ôf stadichoan fierder werom te sakjen. Oer it algemien wurdt in lege opkomst witen oan ûnferskillichheid, sinleasheid (it idee dat jins stim gjin ferskil meitsje kin) en/of in brekme oan fertrouwen yn 'e polityk. Nettsjinsteande it feit dat der in protte ûndersyk dien is nei dy ôfname fan 'e opkomst, binne wittenskippers it net iens oer de oarsaak. Dêrfoar komt nammentlik in breed ferskaat oan ekonomyske, demografyske, kulturele, technologyske en ynstitúsjonele faktoaren yn oanmerking. Ek min waar op ferkiezingsdei hat in negative ynfloed op 'e opkomst, mar dat is in ynsidintele faktor ynstee fan in strukturelen-ien.

Neffens ûndersikers Adam Bonica en Michael McFaul fan 'e Universiteit fan Stanford, yn Kalifornje, bestiet der yn 'e politikology, de tûke fan 'e wittenskip dy't him dwaande hâldt mei it bestudearjen fan 'e polityk, in konsensus dat demokrasyen better wurkje as mear minsken stimme. In lege opkomst by ferkiezings wurdt dêrom yn 'e regel beskôge as wat ûnwinskliks, en sadwaande besteegje politisy frijwat tiid, oandacht en enerzjy oan it oanfiterjen fan minsken om nei de stimbus te kommen en sa diel te nimmen oan it politike proses. In maatregel dy't helpe kin om minsken stimme te litten is in opkomstplicht, d.w.s. in ferplichting om te stimmen, wêrby't foar it oan jins lears laapjen fan dy ferplichting in boete útskreaun wurdt. Soks bestie yn Nederlân oant 1970, en yn Belgje bestiet it noch altyd. It probleem is dat ûnder sokke omstannichheden ûnwillige kiezers derta oerhingje sille om in blanko stim út te bringen of op in protestpartij te stimmen, wat it politike systeem ek gjin goed docht.

In oar begryp dat besibbe is oan opkomst is in opkomstdrompel. Dat is in minimale opkomst dy't fereaske is om in ferkiezing jildich te meitsjen. Yn sokke gefallen giet it ornaris om in referindum oer ien of inkele ûnderwerpen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.