Springe nei ynhâld

Oarloch fan Reade Wolk

Ut Wikipedy
Oarloch fan Reade Wolk
(ûnderdiel fan 'e Sû-Oarloggen)

It Fetterman-bloedbad
datum: 18661868
plak: de krite fan 'e Powderrivier, yn Wyoming
en Montana
útkomst: Yndiaanske oerwinning
ferdrach: Ferdrach fan Fort Laramie (1868)
konfliktpartijen
Lakota
Noardlike Sjajinnen
Noardlike Arapaho
Feriene Steaten


befelhawwers
Reade Wolk
Hege Rêchbonke
Sittende Bolle
Jongeman-Dy't-Bang-Is-
   foar-Syn-Hynders

Mâl Hynder
Gal
Rein-yn-'t-Gesicht
Lytse Wolf
Henry B. Carrington
Henry W. Wessells sr.
William Fetterman
Horace S. Bingham





sterkte
1.500-2.000 krigers

1.000 militêren
   300 wapene boargers
ferliezen
±200 deaden ±100 deaden

De Oarloch fan Reade Wolk (Ingelsk: Red Cloud's War), ek wol bekend as de Bozemanoarloch (nei it Bozeman Trail) of de Oarloch fan de Powderrivier (nei de Powderrivier), wie in wapene konflikt tusken de Feriene Steaten en in Yndiaanske koälysje besteande út 'e Lakota- (Lakota-Sioux), de Noardlike Sjajinnen (Northern Cheyenne) en de Noardlike Arapaho (Northern Arapaho), dy't ferneamd is nei it Lakota-opperhaad Reade Wolk (Red Cloud). Dizze oarloch, dy't ûnderdiel útmakke fan 'e Sû-Oarloggen, briek yn 1866 út, nei't it Amerikaanske Leger tsjin 'e ôfspraken fan it earste Ferdrach fan Fort Laramie yn in rige forten by it Bozeman Trail lâns boude, op it grûngebiet fan 'e Yndianen, mei as doel om 'e almar oanwaaksende stream blanke kolonisten út it Easten te beskermjen. Nei twa jier oarlochfiering bûnen de Amerikanen yn en sleaten se yn 1868 it twadde Ferdrach fan Fort Laramie mei de Yndianen, wêrby't se dermei ynstimden om 'e forten ôf te brekken en de Yndiaanske lânoanspraken tenei te respektearjen.

Under it earste Ferdrach fan Fort Laramie fan 1851 hie it regear fan 'e Feriene Steaten de gebietsoanspraken fan 'e Arapaho, Arikara, Assiniboin (Assiniboine), Hidatsa, Krieën (Crow), Mandan, Sjajinnen (Cheyenne) en (Sioux) op 'e noardlike Grutte Flakten erkend, mar yn 'e fyftjin jier dy't folgen, wegere it om oan syn ferplichtings ûnder dat ferdrach te foldwaan en blanke kolonisten út it lân fan 'e Yndianen wei te hâlden.

Doe't de Lakota, dy't it westlike part fan 'e Grutte Sû Naasje foarmen, foar it ferstân krigen dat de Amerikanen har net oan 'e ôfspraken hâlde soene, fielden sy har der sels ek net mear oan bûn. Under it Ferdrach fan Fort Laramie hiene hja tasein om Amerikaanske kolonisten dy't fia it Oregon Trail ûnderweis wiene nei de westkust rjocht fan reed oer de flakten te ferlienen, mar no ûntstie der in fisieuze sirkel fan Yndiaanske oerfallen op kolonisten dy't troch it Amerikaanske Leger beäntwurde waarden mei wraakaksjes, wat werwraak fan Yndiaanske kant ta gefolch hie.

Dêrby gie it fral om it Bozeman Trail, in sydpaad fan it Oregon Trail, dat dwers troch de krite fan 'e Powderrivier rûn, yn noardlik Wyoming en súdeastlik Montana. It Bozeman Trail wie de koartste rûte tusken Fort Laramie, yn Wyoming, en goudfjilden fan westlik Montana, en tusken 1864 en 1866 waard dat paad troch sa'n 3.500 goudsikers, kolonisten en oare blanken bereizge. De krite fan 'e Powderrivier wie in wichtich jachtgebiet foar de Lakota en harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, en de Yndianen wurdearren it net dat de kolonisten dêr mei harren konkurrearren foar it almar ôfnimmende jachtwyld.

Yn 1865 ûndernaam it Amerikaanske Leger op befel fan generaal-majoar Grenville M. Dodge, in wiere fjildtocht, de Ekspedysje nei de Powderrivier, tsjin 'e Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho. Under brigadegeneraal Patrick E. Connor teagen dêrby trije legerkolonnes fan yn totaal 2.675 man tsjin 'e Yndianen op, mar it slagge de trage troepen net om 'e mobile Yndianen ta in beslissend treffen te twingen, en de meagere súkseskes dy't behelle waarden, wiene eins folslein ta te skriuwen oan 'e ynset fan Pâny- en Omaha-ferkenners. De Yndianen seagen dizze fjildtocht as in provokaasje, en harren wjerstân tsjin reizgers oer it Bozeman Trail boaze allinne noch mar fierder oan.

Yn juny fan 1866 wisten de Amerikanen mei in hiel soad muoite de foarnaamste lieders fan 'e Lakota, wêrûnder de opperhaden Reade Wolk en Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders, nei Fort Laramie ta te krijen foar ûnderhannelings. Mar mei de minst mooglike timing arrivearre kolonel Henry B. Carrington op 13 juny yn Fort Laramie mei twa bataljons fan it Amerikaanske 18e Ynfanteryrezjimint, in grutte hoemannichte bounedichheden en oarders om in rige forten by it Bozeman Trail lâns oan te lizzen. Dêrop beskuldigen Reade Wolk en Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders de Amerikaanske fertsjintwurdigers fan bedragerij, brieken se ûnderhannelings ôf en giene se nei hûs. Hoewol't de ûnderhannelings noch in hoartsje fuortset waarden mei in stikmannich minder foaroansteande Yndiaanske lieders, rûn it spul sûnder de meiwurking fan 'e wichtichste spilers op 'e non.

Kolonel Henry B. Carrington.

Kolonel Carrington, dy't op 17 juny 1866 út Fort Laramie ôfsette, hie 700 militêren by him en 300 boargers, wêrûnder fuorlju, wurklju en oare ûnderoannimmers fan it leger, mar ek dy har froulju en bern. Syn bagaazjetrein bestie út net minder as 226 kapweinen fol foarrieden, en teffens waard der in mânske keppel fan 1.000 kij meidreaun. Fan in tipelsinniger aard wie dat ek in rezjimintskapel fan 35 muzikanten meigie. Carrington sleepte ek in grutte meganyske "gersmeanmasine" mei, in nije útfining, mar dat wie sa'n bombidich ding dat it syn opmars oanhâldend fertrage. Carrington syn gids wie de ferneamde frontiersman Jim Bridger, mar de kolonel wegere om Yndiaanske ferkenners mei te nimmen, dy't him fan essinsjele ynformaasje oer de fijân foarsjen hawwe koene.

Carrington syn troepen wiene meast ynfantery (fan it Amerikaanske 14e Ynfanteryrezjimint), hoewol't der ek in pear ôfdielings kavalery meigiene (fan it Amerikaanske 2e Kavaleryrezjimint). It wiene griene rekruten dy't bewapene wiene mei Springfield Model 1861-foarladers út 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), yn prinsipe ienskots musketten, dy't alhiel efter de tiid rekke wiene. De kavalery wie tarist mei modernere Spencer-karabinen, dy't oer in magazyn beskikten dêr't sân kûgels yn koene.

It opperhaad Reade Wolk.

De Yndianen wiene noch minder bewapene, want in protte fan 'e krigers moasten it dwaan mei pylk-en-bôge, wylst oaren mei noch âldere musketten as de Springfields fan 'e ynfantery útrist wiene. Oare wapens, lykas spearen, tomahawks, gnodzen en messen, wiene inkeld te brûken yn man-tsjin-mangefjochten. It grutte foardiel dat de Yndianen oer Carrington syn troepen hiene, wie dat se folle mobiler wiene.

Guon histoarisy hawwe skreaun dat allinnich Reade Wolk syn Lakota-krigers al mei sa'n 4.000 man wiene, mar dat is in fiersten te hege skatting. It totale oantal Lakota wie yn 1865 sa'n 13.900 minsken, froulju, bern en âlden fan dagen ynbegrepen. As men dêr't de likernôch 3.000 Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho by opteld, komt men út op in totaal oantal fan 17.000 minsken. Rekkenje dat ien op 'e fjouwer in folwoeksen man fan tusken de 15 en 55 jier wie, en dan komt men op 4.250 krigers. Mar lang net alle Lakota, Noardlike Sjajinnen en Noardlike Arapaho befûnen har yn 'e krite fan 'e Powderrivier en fan dejingen dy't dêr wol wiene, focht ek net elkenien mei. Sadwaande sil it totale oantal krigers dat oan 'e oarloch dielnaam tusken de 1.500 en 2.000 skatten wurde moatte.

De oanlis fan 'e forten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Op 28 juny arrivearren Carrington en syn troepen yn Fort Reno, dêr't er twa ûnderbemanne kompanjyen (sa'n hûndert man) efterliet om it garnizoen dêre ôf te lossen. Mei de rest fan syn legermacht teach er fierder op nei it noarden en stifte er op 14 july Fort Phil Kearney oan it beekje de Piney Creek, deunby it tsjintwurdige Buffalo, yn Wyoming. Dêrwei marsjearren twa kompanjyen fan it 18e Ynfanteryrezjimint sa'n 150 km nei it noardwesten, om op 13 augustus oan 'e rivier de Bighorn yn Montana Fort C.F. Smith te stiftsjen. De iere en strange winter op 'e hege flakten yn oanmerking nommen wie mids augustus frijwat let yn it jier om noch in nije foarpost te stiftsjen, mar Carrington wie belette troch syn 'gersmeanmasine', en fûn dat er gjin oare kar hie as om no troch te setten.

It Bozeman Trail yn giel mei yn read de forten oanjûn dy't it Amerikaanske Leger derby lâns oanlein hie.

Carrington wie eins gjin militêr, mar in yngenieur dy't syn ofsiersrang te tankjen hie oan politike freonen. Hy lei him benammen ta op it bouwen fan perfekte, wiskundich-sekuere fortifikaasjewurken. Dàt, en syn yngeande tarieding op 'e winter wiene bêst te begripen, mar hy dreau guon fan syn ûnderhearrige ofsieren der suver mei ta waansin. De 'echte' militêren, feteranen út 'e Boargeroarloch, wiene derfan oertsjûge dat se maklik mei de Yndianen ôfweve koene, as se mar trochpakke mochten ynstee fan har tiid te ferdwaan mei it bouwen fan forten. Dy ynstelling soe letter rare gefolgen hawwe.

Op 16 july socht in groep Noardlike Sjajinnen ûnder oanfiering fan 'e opperhaden Stomp Mês en Twa Moannen Carrington op yn Fort Reno. Dêrby makken se him dúdlik dat se frede hawwe woene, en fertelden se ek dat Reade Wolk him mei 500 krigers yn 'e neite fan it fort ophold. Letter dy deis waarden twa blanke boargers deade by in Yndiaanske oanfal, en dat wie it begjin fan it konflikt dat de Amerikanen neitiid de Oarloch fan Reade Wolk neamden. Op 17 july jagen de Yndianen 176 hynders en mûldieren fan 'e Amerikanen op 'e rin, en nettsjinsteande in 25 km duorjende efterfolging slagge it de soldaten net en krij de bisten werom. By de efterfolging kamen twa soldaten om en rekken trije ferwûne, en werom by it fort waarden de liken fan seis boargers fûn.

Op 20 july foelen Reade Wolk syn krigers in troch soldaten beskerme karafaan kapweinen mei kolonisten oan by Crazy Woman Fork, oan 'e Powderrivier, mei twa deaden as gefolch. Oare oanfallen folgen, en alle boargerferkear oer it Bozeman Trail kaam stil te lizzen. Carrington sels koe inkeld befoarriede wurde troch swierbewapene konfoaien. Yn 'e folgjende moannen waarden ferskate kearen de ekspedysjes oanfallen dy't Carrington-en-dy fan Fort Phil Kearney út optúgden om beammen te kapjen om harren fort fan te bouwen. Fyftjin fan sokke oanfallen tusken 16 july en 27 septimber laten ta de dea fan 6 soldaten en 28 boargers en it ferlies fan hûnderten hynders, mûldieren en kij. Carrington syn dierbere 'gersmeanmasine' waard by ien fan 'e oanfallen ek folslein ferrinnewearre.

De lokaasje fan it Fetterman-bloedbad hjoed de dei.

It Fetterman-bloedbad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side Fetterman-bloedbad.

Yn novimber 1866 arrivearre kaptein William J. Fetterman yn Fort Phil Kearney om in oare ofsier ôf te lossen. Oars as Carrington hie Fetterman in protte militêre ûnderfining opdien ûnder de Boargeroarloch, mar oan 'e oare kant hied er hoegenamt gjin ferstân fan 'e Yndianen en harren wize fan oarlochfieren. Fan it begjin ôf oan makke Fetterman dúdlik dat er it net iens wie mei Carrington syn strategy, dy't er "passyf" neamde. Neffens him hie brigadegeneraal Philip St. George Cooke, de kommandant fan it Departemint fan 'e Platte, oarders jûn ta it fieren fan in agressive winterkampanje. In bekende útspraak fan Fetterman wie dat er mei "tachtich man" sûnder swierrichheden "troch de Sû Naasje ride" soe. Op 6 desimber kaam de befelhawwer fan Carrington syn kavalery, luitenant Horace S. Bingham, om doe't er in groepke oanfallende Yndianen oer in heuvelrêch hinne folge oan 'e oare kant wêrfan't in gruttere groep krigers him opwachte. Carrington drukte syn mannen op it hert om net wer yn sa'n mûklaach te rinnen.

Doe't op 21 desimber fannijs de houthakkersekspedysje oanfallen waard, stjoerde er Fetterman oan it haad fan in ûntsettingsmacht út dy't bestie út 49 ynfanteristen, 27 kavaleristen, 3 ofsieren (Fetterman ynbegrepen) en 2 boargers. Neffens Carrington syn lettere tsjûgenis joech er Fetterman spesifike oarders om net oer de heuvelrêch Lodge Trail Ridge te gean, dêr't fersterkings út it fort him net of mar mei muoite berikke kinne soene. Fetterman, lykwols, sette daliks op Lodge Trail Ridge ta. Koart nei't de troepen it fort efter har litten hiene, seagen se sân Yndianen, wêrûnder it opperhaad Mâl Hynder, wêrfan't in pear harren útdagen troch op 'e rêch fan harren mustangs stean te gean en op misledigjende wize har stuten sjen te litten. Doe't de soldaten efter har oan setten, rieden de Yndianen gau fuort, wêrby't Mâl Hynder bearde dat syn hynder kreupel rekke wie om derfoar te soargjen dat de Amerikanen de efterfolging net opjoegen.

Plakette ta oantins fan it Fetterman-bloedbad.

De dryste Fetterman trape mei iepen eagen yn 'e fâle en marsjearre oer de heuvelrêch hinne de Peno-delling yn, dêr't tusken de 1.000 en 2.000 krigers ûnder de Hûnkpapa-haadman Rein-yn-'t-Gesicht, de Minnikonzjû-lieder Hege Rêchbonke en it Sjajinske opperhaad Lytse Wolf ferskûle leine. Nei't Fetterman en syn troepen de delling ynmarsjearre wiene, kamen de krigers foar 't ljocht en sleaten de Amerikanen yn. Doe't yn it fort de gewearsalvo's heard waarden, stjoerde Carrington noch in ûntsettingsdetasjemint út, besteande út 40 man ûnder kaptein Tenedor Ten Eyck, om 'e ûntsettingsmacht te ûntsetten. Ten Eyck late syn mannen fia in yndirekte, omsichtige rûte, en berikte de Peno-delling krekt doe't it fjurjen ophold. Tsjin dy tiid wiene alle 81 leden fan Fetterman syn detasjemint dea. De Amerikanen neamden dit treffen it Fetterman-bloedbad, wylst de Yndianen sprieken fan 'e 'Slach fan 'e Hûndert Sneuvelen'. It wie de swierste Amerikaanske nederlaach tsjin 'e Flakte-Yndianen oant luitenant-kolonel George Armstrong Custer tsien jier letter it Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint nei de nederlaach ta late yn 'e Slach oan de Little Bighorn.

De jûns nei de nederlaach bea in boarger, John 'Portugee' Philips, him oan as frijwilliger om in helpoprop nei generaal Cooke yn Fort Laramie te bringen. Philips die ûnder in oanhâldende sniestoarm dy't op 22 desimber begûn fjouwer dagen oer de rit fan mear 380 km; dêrby ried er troch mear as 30 sm snie by in temperatuer fan fier ûnder it friespunt. Hy seach lykwols gjin inkele Yndiaan en berikte Fort Laramie ynein mar sûn, wêrby't er mei syn oankomst, op 'e jûn fan 25 desimber, in formeel krystbal ûnderbriek. Generaal Cooke ûnthefte Carrington daliks fan syn post en ferfong him troch brigadegeneraal Henry W. Wessells sr. Dyselde arrivearre op 16 jannewaris 1867 mei as fersterkings twa kompanjyen kavalery en fjouwer kompanjyen ynfantery, yn totaal sa'n 300 man, yn Fort Phil Kearney. It wie doe sa kâld dat ûnderweis ien soldaat deafrear. Carrington ferliet it fort op 23 jannewaris mei by him syn eigen frou en alle oare froulju en bern, en syn konfoai trochstie temperatueren fan –39 °C. Tsjin 'e tiid dat se yn Fort Laramie oankamen hie de helte fan syn eskorte fan 60 soldaten befriezingsferskynsels oan noas, earen, teannen of fingers oprûn.

Generaal Ulysses S. Grant, de stêfsjef fan it Amerikaanske Leger, naam gjin genoegen mei de opoffering fan Carrington en sei ek generaal Cook de wacht oan. Letter diene sawol it Amerikaanske Leger as it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken ûndersyk nei de gong fan saken oangeande it Fetterman-bloedbad; it ûndersyk fan it leger koe net ta konkúzjes komme, mar it ûndersyk fan Binnenlânske Saken spriek Carrington frij fan blaam. Underwilens hie de winterkjeld in ein makke oan 'e gefjochtshannelings. Likegoed hiene Wessells en syn troepen it dreech yn Fort Phil Kearney, mei't der krap iten wie. In protte hynders en mûldieren stoaren de hongerdea, en ûnder de soldaten briek skuorbot út. Mei-inoar reage dat alle plannen foar in 'agressive winterkampanje' fan tafel.

In groepsfoto fan 'e opperhaden fan 'e Lakota. Reade Wolk is de twadde sittend fan lofts; Jongeman-Dy't-Bang-Is-foar-Syn-Hynders de twadde steand fan lofts.

Yn april 1867 setten de Yndianen útein mei oerfallen op it ferkear oer it Oregon Trail yn 'e delling fan 'e Noardlike Platte. Dat wie noch dêroanta, mar it Amerikaanske regear siet mear yn oer de bedriging dy't de Yndianen foarmen foar de oanlis fan it Earste Kontinintale Spoar, dat troch súdlik Wyoming rinne moast. Hoewol't fersterkings nei de forten oan it Bozeman Trail stjoerd wiene en ek it garnizoen fan Fort Laramie sels fergrutte wie, hie men noch altyd de middels net om yn it offinsyf te gean tsjin 'e Yndianen. In hoartsje liek it derop dat de oarlochspartij fan 'e Lakota him nei de ûnderhannelingstafel lokje litte soe troch de bemiddeling fan it Brulee-opperhaad Bûnte Sturt, dy't him ôfsidich holden hie fan 'e gefjochten, mar dat bliek úteinlik inkeld in fertragingstaktyk fan 'e Yndianen te wêzen. Yn july holden de Lakota harren jierlikse sinnedûnsseremoanje, dy't it ferfetsjen fan 'e fijannichheden noch langer útstelde.

It Heafjildgefjocht en it Weinkraalgefjocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ein july 1867 liken de Lakota en de Sjajinnen in skeel krigen te hawwen oer de te folgjen strategy. Fan gefolgen sammelen de Noardlike Sjajinnen en harren tradisjonele bûnsgenoaten, de Noardlike Arapaho, har foar in oanfal op Fort C.F. Smith, wylst de Lakota in wraam op Fort Phil Kearney diene. It garnizoen fan Fort C.F. Smith wie yn 't foar warskôge troch guon Krieën (Crow) dy't yn 'e neite fan it fort libben, en op 23 july waard de besetting fuortsterke troch de oankomst fan twa kompanjyen ynfantery ûnder luitenant-kolonel Luther P. Bradley, sadat it totale garnizoen op 350 man kaam. De fersterkings wiene bewapenen mei nije Springfield Model 1866-efterladers, dy't folle flugger fjurje koene as de bewurklike musketten dy't oan doe ta troch it Amerikaanske fuotfolk brûkt wiene.

Op 1 augustus wiene 21 soldaten en 9 boargers op 4,5 km ôfstân fan Fort C.F. Smith gers oan it meanen om hea fan te meitsjen foar winterfoer, doe't in pear hûndert Sjajinske en Arapaho-krigers harren oanfoelen by wat bekend kaam te stean as it Heafjildgefjocht. De Amerikanen sochten beskûl efter lizzende beamstammen dêr't se yn 't foar al skuttersputsjes groeven hiene. Geandewei de dei sloegen se mei harren nije, fluchsjittende gewearen ferskate oanfallen ôf, oant de Yndianen de belegering tsjin 'e ein fan 'e middei oerjoegen. Twa soldaten en ien boarger hiene doe ûnderwilens de dea fûn, wylst de Yndianen acht deaden te betreurjen hiene.

In plattegrûn fan Fort Phil Kearney.

In dei letter fûn by Fort Phil Kearney it Weinkraalgefjocht plak, wêrby't 26 soldaten en 6 boargers fan in houtkappersdetasjemint oanfallen waarden troch ferskate hûnderten Lakota-krigers. Yn 't foar wiene de swiere houtene bûkberjes fan fjirtjin weinen yn in ovale kraal pleatst, en dêrtuskenyn sochten de Amerikanen beskûl. Om't ek dizze groep mei nije efterladers útrist wie, koene se it seis oeren úthâlde oant se ûntset waarden troch in grutter detasjemint soldaten út it fort. By dit gefjocht kamen sân blanken om, en hoewol't de belegere Amerikanen mei grut gefoel foar fantasij skatten dat se wol 1.500 Yndianen deade hiene, skreau histoarikus George E. Hyde dat de Lakota seis deaden en seis ferwûnen oprûn hiene, en dat se it net as nederlaach beskôgen om't se in grutte keppel hynders en mûldieren bútmakke hiene.

It Heafjildgefjocht en it Weinkraalgefjocht, dy't ornaris wol deeglik as Yndiaanske nederlagen beskôge wurde, lykje de Yndianen derfan ôfbrocht te hawwen om noch mear grutskalige oanfallen te prebearjen. Mei lytse oerfallen yn 'e omkriten fan 'e forten en op reizgers dy't gebrûk makken fan it Bozeman Trail rjochten se lykwols mear as genôch skea oan om 'e Amerikanen it fjoer nei oan 'e skinen te lizzen. It slimste wie lykwols yn 'e eagen fan it Amerikaanske regear de oanfal dy't op 7 augustus útfierd waard op in trein fan 'e spoarmaatskippij Union Pacific Railroad, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Lexington, yn Nebraska, hûnderten kilometers fan it eigentlike striidtoaniel ôf, yn in regio dy't oant doe ta as feilich beskôge waard.

Reade Wolk mei syn fearretoai op.

Nettsjinsteande de oerwinnings yn it Heafjildgefjocht en it Weinkraalgefjocht socht it Amerikaanske regear almar sterker nei in freedsume oplossing foar it konflikt. De súksesfolle oanlis fan it Earste Transkontinintale Spoar hie fierwei de heechste prioriteit, en it leger hie de middels net om sawol it spoar as it Bozeman Trail te ferdigenjen. Men ornearre dat de militêre ynset yn 'e krite fan 'e Powderrivier sawol djoer as ymproduktyf wie, mei't der nei skatting 20.000 soldaten nedich wêze soene om 'e Yndianen derûnder te krijen. Yn 1867 stelde in Amerikaanske kommisje fêst dat de Yndianen rjochtlike griven hiene, en dat der datoangeande sprake wie fan útlokking troch de kolonisaasje fan harren lân troch de blanken. Sadwaande waarden der yn 'e maityd fan 1868 fertsjintwurdigers fan it regear nei Fort Laramie ta stjoerd mei foech om te ûnderhanneljen. Reade Wolk liet lykwols witte dat dêr gjin sprake fan wêze koe salang't it leger de forten Phil Kearney, C.F. Smith en Reno net ûntromme. Dat yn augustus 1868 ferlieten de soldaten de forten, en de Yndianen setten de brân deryn. It Bozeman Trail wie foargoed ôfsletten.

Pas yn novimber arrivearre Reade Wolk yn Fort Laramie. Dêr ûnderhannelen de Amerikanen mei him en oare fertsjintwurdigers fan 'e Noardlike Arapaho, de Oglala-, Minnikonzjû- en Brulee-stammen fan 'e Lakota en de Janktonai-stamme fan 'e Westlike Dakota. Dy ûnderhannelings laten ta it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, wêrby't ôfpraat waard dat it Bozeman Trail net weriepene wurde soe. Boppedat waard foar de Lakota- en de Westlike Dakota-stammen fan 'e (Sioux) it Grutte Sû Reservaat skepen, dat de helte fan Súd-Dakota en in stikje fan Nebraska omfieme. Ta dat Yndianereservaat, dat de Sû 'foar ivich' taparte krigen, hearden ek de Black Hills, in gebiet fan hege heuvels of lege bergen yn it súdwestlike part fan Súd-Dakota, dat foar de Lakota hillich wie. Teffens wiisde it Ferdrach fan Fort Laramie in grut 'ûnôfstien' (unceded) gebiet oan 'e Lakota ta yn it streamgebiet fan 'e Powderrivier, yn Wyoming en Montana, dat se brûke koene as jachtterrein. Noch yn it Grutte Sû Reservaat, noch yn it 'ûnôfstiene' jachtgebiet mochten tenei noch blanken komme, of it moasten fertsjintwurdigers fan it Amerikaanske regear wêze.

Yn 'e jierren nei 1868 bliek it twadde Ferdrach fan Fort Laramie troch it oanhâldende opkringen fan blanke kolonisten en goudsikers neat wurdich te wêzen. Yn 1874 waard der in Ekspedysje nei de Black Hills op út stjoerd ûnder lieding fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer, om 'e wearde fan 'e Black Hills te ûndersykjen. Neitiid brocht it nijs fan 'e ûntdekking fan goud de Goudkoarts fan 'e Black Hills op gong. It binnenkringen fan it lân fan 'e Yndianen troch in kliber habsuchtige goudsikers joech úteinlik oanlieding ta de Grutte Sû-Oarloch fan 1876, wêryn't de Flakte-Yndianen definityf ferslein waarden troch de Amerikanen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.