Springe nei ynhâld

Nakajima B6N

Ut Wikipedy
Nakajima B6N Tenzan
algemiene ynformaasje
rol torpedobommesmiter
lân f. oarspr. Japan
makker Fleantúchfabryk Nakajima
gebrûk
earste flecht 14 maart 1941
yn tsjinst Augustus 1943
út tsjinst 1945
tal makke 1.268
grutste brûker Keizerlike Japanske Marine
Nakajima B6N2 "Tenzan"-ienheid foar opstigen

De Nakajima B6N Tenzan ('Hillige Berch', alliearde namme: Jill) wie in torpedobommesmiter fan de Keizerlike Japanske Marine yn de Twadde Wrâldoarloch. It wie de opfolger fan de B5N Kate.

De swakke punten fan de B5N torpedo-bommewerper wiene al betiid yn de Twadde Sineesk-Japanske Oarloch oan it ljocht kommen en njonken it by de tiid bringen fan dat fleantúch begûn de Keizerlike Japanske Marine te sykjen nei in fluggere ferfanging mei in grutter fleanberik. De marine joech in spesifikaasje út mei dat doel. Om oan dy easken te foldwaan, ûntwurp it bedriuw Nakajima Hikki in fleantúch dat sterk like op syn foargonger. De 1.800 hk (sa'n 1.320 kW) NK7A Mamora 11 stjermotor waard de motor fan it nije tastel.

In B6N torpedobommesmiterer falt oan yn de loftslach by Formosa, oktober 1944

It earste prototype fleach begjin 1941 en nei in pear ferbetteringen kaam it tastel yn tsjinst as marinejager (type Nakajima B6 N1 Tenzan ). Fan dizze ferzje waarden der lykwols mar 135 boud om 't de produksje fan de Mamora-motor stilset waard.

De oarspronklike motor waard ferfongen troch de 1.850 hk (sa'n 1.360 kW) MK4 T-Kasei-25 stjermotor fan Mitsubishi en it fleantúch krige no de oantsjutting B6N2. It typearjende uterlike ferskil tusken de twa farianten is it útlitsysteem. By de Mamora 11 stekt ien piip oan de rjochterkant nei ûnderen en ien oan de linkerkant; de Kasei 25 hat in trijefâldige bondel oan beide kanten, in inkelde piip en in dûbelde piip oan de boppekant ferdield. Der waarden sa 'n 1133 B6N2's boud.

De B6N2a-fariant hie fersterke definsive bewapening efter yn de cockpit, dy 't nei alle gedachten ek op " normale " fleantugen oanbrocht waard troch de bewapeningsmonteurs oan it front. In lânferzje waard noch test as B6N3.

Fleantugen fan dat type nammen fan 1944 ôf diel oan alle see - en loftgefjochten yn 'e Stille Oseaan en waarden ek brûkt foar kamikaze misjes. De Tenzan wie in tige kapabel fleantúch en die yn neat ûnder foar syn Amerikaanske tsjinhinger, de Grumman TBF Avenger. Lykwols, fanwegen de lang duorjende ûntwikkeling, in tekoart oan betûfte piloaten en it berikken fan loftoerwicht troch de United States Navy op it stuit fan yntroduksje, wie de B6N nea by steat om syn gefjochtspotinsjeel folslein te sjen te litten.

De B6N2 waard al betiid ferfongen troch de Aichi B7A Ryus, in tige krêftige torpedo - / dûkbommewerper. Gelokkich foar de Alliearden waarden mar 105 fleantugen fan dit type produsearre, omdat in Grumman F6F Hellcat dit tastel amper ûnderskeppe kinnen hie.

Parameter Gegevens
Type torpedobommesmiter/horizontale bommesmiter fan fleandekskip ôf operearjend
Bemanning 3
Lingte 10,87 m
Spanwiidte 14,90 m
Hichte 3,80 m
Fleugeloerflak 37,20 m²
Lingte fleugel 6,0 m
Gewicht leech 3010 kg
Maks. startgewicht 5650 kg
Oandriuwing ien (dûbel)stjermotor Mitsubishi MK4T Kasei 25 fan 1.850 hk/1.380 kW
Heechste faasje 480 km/o
Tsjinstplafond 9040 m
Fleanberik 3050 km
Bewapening oant 800 kg bommen (ferskate gewichten it stik), of ien torpedo,
ynearsten twa 7,7-mm-masinegewearen, letter omset nei 13 mm,
in soad ûnoffisjele upgrades yn tal en kaliber

Besibbe ûntwerpen: