Springe nei ynhâld

Maurice Quentin de La Tour

Ut Wikipedy
Maurice Quentin de La Tour
keunstner
Selsportret Maurice Quentin de La Tour
Selsportret Maurice Quentin de La Tour
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 5 septimber 1704
berteplak Saint-Quentin (Aisne)
stoarn febrewaris 1788 (83 jier)
stjerplak Saint-Quentin
wurkpaad
wurksum as portrettist
streaming Rokoko
medium pastelkryt
jierren aktyf 1719-1788
offisjele webside
RKD_profyl

Maurice Quentin de La Tour (Saint-Quentin, 5 septimber 1704 - Saint-Quentin, 17 febrewaris 1788), ek wol bekend as Quentin de La Tour, wie in Frânsk portrettist.

Portret fan Belle van Zuylen troch
Maurice Quentin de La Tour (1771)

Latour waard berne as de tredde soan fan de muzikant François de La Tour. Doe't er fyftjin wie ferfear er nei Parys. Hy gie dêr yn lear by de Flaamske skilder Jacques Spoede. Yn 1724 wenne er yn Reims en in jier letter yn Ingelân. Om 1727 hinne festigde er him wer yn Parys en lei er him ta op it wurkjen mei pastelkryt. Yn 1737 eksposearre er foar it earst op de Paryske salon mei de portretten fan Madame Boucher, de oare helte fan de skilder François Boucher, en l'Auteur qui rit ('Selsportret, laitsjend'), de earsten fan in rige fan 150 portretten dy't er yn de kommende 36 jier op de salon ynbringe soe.

Yn 1746 waard La Tour lid fan de Académie Royale de Peinture et de Sculpture. Yn 1750 waard er troch de Frânske kening Loadewyk XV beneamd ta hofskilder, hy soe oanbliuwe oant 1773. Hy makke portretten fan tal fan foaroansteande Frânsen lykas Madame de Pompadour en Rousseau.[1] Yn 1766 en 1767 wurke er yn Nederlân, yn Zuilen (Utert) en Amsterdam.

Maurice Quentin de La Tour hie 30 jier lang in ferhâlding mei Marie Fel, sopraan by de Opera. De wilens tige begoedige La Tour stichte in keunstoplieding yn 1782.[2] Teffens stipe er earme froulju yn de finzenis en ynfalide en âlde keunstners en artysten.

Yn 1784 luts er him werom yn syn berteplak út reden fan geastlike sûnens. Hy stoar dêr yn de âldens fan 83 jier. De stêd krige syn neilittenskip (in soad pastels) en is hjoed de dei te besjen yn Museum Antoine Lécuyer yn Saint-Quentin (Aisne). Erfgenamt Jean-François de La Tour († 1807), chevalier de l'ordre royal militaire de Saint-Louis, krige syn bûtenpleats.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Abécédario de P.-J. Mariette et autres notes inédites de cet amateur sur les arts et les artistes. Archives de l'art français. 1856. t. III, 1854–56, pp. 66–78.
  • de Goncourt, Edmond and Jules. French XVIII Century Painters. (1867) pp. 165, 171, 176 (first published Paris, 1867, fasc. 4, reprinted New York, 1948; second edition, 1873, pp. 271, 281-282).
  • Tourneux, Maurice. La Tour, biographie critique. (Paris, 1904) p. 40.
  • Jeffares, Neil, s.v. 'La Tour, Maurice-Quentin de', In Dictionary of Pastellists Before 1800, http://www.pastellists.com/Articles/LaTour2a.pdf
  • https://neiljeffares.wordpress.com/2016/09/19/maurice-quentin-de-la-tours-parents/

  1. Jeffares, N. (2010) Dictionary of pastellists before 1800, online edition
  2. Maurice-Quentin de La Tour