Springe nei ynhâld

Marrit Leenstra (follybalster)

Ut Wikipedy
Marrit Leenstra
sporter
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 18 oktober 1973
berteplak Emmen
lingte 1.80 m
gewicht 66 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal,
strânfollybal
O.S. Barcelona 1992,
Atlanta 1996,
Atene 2004
debút 1988
karriêre-ein 2008
wichtige prestaasjes
1x goud EK 1995

Marrit Leenstra (Emmen, 18 oktober 1973) is in earder Nederlânsk follybalster en strânfollybalster. Hja kaam trije kear út op de Olympyske Spullen: yn 1992 en 1996 as lid fan it Nederlânske frouljusfollybalploech en yn 2004 mei Rebekka Kadijk op it ûnderdiel strânfollybal.

Leenstra spile fan 1988 ôf yn ferskate nasjonale jeugdploegen. yn 1992 waard hja selektearre foar de nasjonale frouljusploech, om út te kommen op de Olympyske Simmerspullen 1992 yn Barselona. De ploech waard sechsde. Fjouwer jier letter waard op de Olympyske Simmerspullen 1996 in fyfte plak helle. In jier earder, yn 1995, wie de ploech Europeesk kampioen wurden. Leenstra spile oant 1998 yn de nasjonale ploech. Dêrnei kaam hja foar ferskate ploegen yn de Italjaanske profliga út.

Yn 2001 stapte hja oer op it strânfollbyal en foarme hja in duo mei Rebekka Kadijk. Kadijk en Leenstra wûnen de nasjonale titel yn 2001, 2002 en 2004. Yn 2002 hellen hja in twadde plak by de Eurpeeske kampioenskippen. It bêste resultaat waard yn 2003 helle, doe't it duo in World Cup yn it Sineeske Lianyungang wûn. Leenstra waard dat jier keazen ta Amsterdamsk sporter fan it jier. Op de Olympyske Simmerspullen 2004 waarden Kadijk en Leenstra sûnder in oerwinning te heljen, útskeakele yn de groepsfaze. Nei dy Spullen gie it duo útinoar en gie Leenstra fierder mei Sanne Keizer. Fanwegen it útbliuwen fan súksessen waard dy gearwurking yn de simmer fan 2007 ferbrutsen. Op it Nederlânsk kampioenskip yn 2007 kaam Leenstra út mei earder follybalynternational Cintha Boersma. It duo hie it doel om de Olympyske Simmerspullen 2008 te heljen, doe't dúdlik waard dat dat net slagge, naam it duo ôfskie fan it profesjonele follybal. [1] Dêrnei waard Leenstra wurksum as Fasiliteitenmanager by Topsport Amsterdam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Marrit Leenstra en Cintha Boersma gestopt, volleybal.tv, 7 july 2008