Marburg
Marburg | |
---|---|
Sicht op it slot en de lutherske parochytsjerke | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Dútslân |
Dielsteat | Hessen |
Landkreis | Marburg-Biedenkopf |
Sifers | |
Ynwennertal | 76.851 (31-12-2018) |
Oerflak | 123,92 km² |
Befolkingstichtens | 620 /km² |
Hichte | 186 m. boppe seenivo |
Oar | |
Tiidsône | UTC 1 |
Simmertiid | UTC 2 |
Webside | www.marburg.de |
Marburg an der Lahn is in stêd yn de Dútske dielsteat Hessen en ien fan Dútslâns âlde universiteitsstêden. De stêd leit oan de Lahn en foarmet it bestjoerlik sintrum fan it Landkreis Marburg-Biedenkopf. Marburg hie op 31 desimber 2018 76.851 ynwenners.
De stifting fan de Philipps-Universität yn 1527 hat fan grutte ynfloed west op de ûntwikkeling fan de stêd. It is de âldste protestantske universiteit fan 'e wrâld.
Yn it protestantske Marburg waarden yn 1529 de "Marburger Godstsjinstpetearen" holden tusken lutherske en kalvinistyske fertsjintwurdigers. Oan de petearen namen û.o. de bekende herfoarmers Maarten Luther, Philipp Melanchthon, Huldrych Zwingli en Martin Bucer diel.
Marburg stiet bekend om de midsiuwske tsjerken. De Elisabethkirche is ien fan de earste suver Goatyske tsjerken noardlik fan de Alpen bûten Frankryk. Dêrnjonken hat de stêd in goed bewarre histoarysk sintrum en in grut midsiuwsk kastiel. De stêd liede tusken 1600 en 1850 in slieperich bestean, sadat der foar in soad gebouwen gjin jild wie om se te ferfangen troch nijbou.
Yn de 19e iuw waard de stêd troch romantisy ûntdutsen en in soad fertsjintwurdigers fan de romantyk besochten de stêd om dêr te wenjen, te ûnderwizen of te studearjen. Ien fan de meast bekenden wiene de bruorren Grimm, dy't hjir in soad mearkes sammelen. De toer fan Rapûnzel stiet yn Marburg en oan de oare kant fan de Lahn yn in gebiet mei de namme Schwalm droegen famkes eartiids reade kapkes.
In soad gebouwen yn 'e stêd waarden yn de jierren 1970 restaurearre en foar dat krewearjen waard Marburg ûnderskieden mei in soad ynternasjonale prizen.
Ofbylden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Alde Universiteit
-
Elisabethtsjerke
-
Riedshûs
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Marburg fan Wikimedia Commons. |