Springe nei ynhâld

Manga

Ut Wikipedy
In mangaboekhannel yn Japan.

Manga (Japansk kanji: 漫画; Japansk hiragana: まんが; Japansk katakana: マンガ; útspr.: ['maŋɡa], likernôch: "mang-ga") is de beneaming foar strips en grafyske romans dy't makke binne yn Japan en/of yn 'e Japanske taal. Se meitsje gebrûk fan in styl dy't oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw yn Japan ûntwikkele waard, en dy't in lange en yngewikkelde foarskiednis yn 'e Japanske keunst hat. It earste mangatydskrift ûntstie yn 1874. De term 'manga' wurdt yn it Japansk almeast skreaun yn it kanji-skrift, as 漫画. Dat wurd bestiet út twa karakters: 漫, man, dat "boartlik" of "sûnder tarieding" betsjut, en 画, ga, dat "plaatsjes" betsjut. It wurd is besibbe oan it Koreaanske wurd foar strips, manhwa, en it Sineeske wurd foar strips, manhua.

Yn Japan wurde manga lêzen troch minsken fan alle leeftiden. Se foarmje in medium dat in breed ferskaat oan sjenres omfiemet: aksje, aventoer, detektiveferhalen, erotyk (hentai), fantasy, hannel en kommersje, histoarysk, horror, komeedzje, misdie, romantyk, science fiction, skrillers, sport, ensfh. Sûnt de 1950-er jierren hawwe manga har ûntjûn ta in wichtich ûnderdiel fan 'e Japanske útjouwerijsektor. Yn 1995 waard der yn Japan op jierbasis ¥586,4 miljard (oftewol $6 oant 7 miljard) oan 'e ferkeap fan manga fertsjinne. Dêrby giene jiers 1,9 miljard mangatydskriften oer de toanbank, wat delkaam op 15 foar eltse ynwenner fan Japan.

Ek bûten Japan hawwe manga grutte populariteit krigen, en in protte manga wurde sadwaande oerset yn oare talen. Yn 2008 waarden der yn 'e Feriene Steaten en Kanada foar $175 miljoen oan mangatydskriften ferkocht, en yn Frankryk makken manga's yn 2005 38% út fan alle strips dy't ferkocht waarden, mei in wearde fan 460 miljoen (ta ferliking: $569 miljoen).

Manga's wurde ornaris printe yn swart-wyt. Redens dêrfoar binne de tiid dy't it nimme soe om alle plaatsjes yn te kleurjen, de ekstra kosten dy't dat opsmite soe foar it printsjen, en artistike omtinkens, mei't in soad mangatekeners fan miening binne dat swart-wytplaatsjes mear impact hawwe op 'e lêzer. Nettsjinsteande dat besteane der ek wol inkele mangatydskriften yn kleur. Yn Japan wurde manga oer it algemien as fúljetons publisearre yn in mangatydskrift, dat wol oant tsien fan sokke fúljetons tagelyk rinnen hawwe kin. Neitiid komme in soad manga dan út as tankōbon, dat wol sizze mei alle ôfleverings fan it fúljeton sammele yn in paperback. Mangatekeners (Japansk: mangaka) wurkje ornaris mei in pear assistinten yn in lytse studio. Yn 'e regel ûnderhâlde sokken in kontraktueel fêstleine bân mei in útjouwerij. As in mangarige genôch populariteit hat, wurdt der gauris in anime (tekenfilmsearje) op basearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.