Springe nei ynhâld

Magreb

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Magrib)
De Magreb (kearngebiet dûnkerblau; bredere definysje yn dûnker- en ljochtblau).

De Magreb (Arabysk: المغرب, al-Maġrib) is de westerein fan de Arabyske wrâld. Letterlik betsjut it: "dêr't de sinne ûndergiet". Yn 'e betsjutting fan "it westen" stiet de Magreb foar de Masrek (Arabysk: مشرق, Mashriq) oer, dat "it easten" of "de eastlike lannen" betsjut. De lânseigen bewenners, de Berbers, neame it ⵜⴰⵎⴰⵣⵖⴰ, Tamazɣa, of Amaḍal Amaziɣ, wat "de Berberwrâld" betsjut. Foarhinne wie dit gebiet yn Jeropa bekend as Barbarije of de Barbarijske steaten (oantsjuttings dy't neat mei de hjoeddeiske betsjutting fan "barbaren" te krijen hawwe, mar ôflaat binne fan it wurd "Berber").

Tradisjoneel waard de Magreb begrepen as de kuststripe fan noardwestlik Afrika by de súdkust fan it Westlik Bekken fan 'e Middellânske See lâns, yn Tripolitaanje (it westen fan Lybje), Tuneezje, Algerije en Marokko, ynklusyf de kustflakten en it Atlasberchtme. Marokko tanket dêr syn namme oan; yn it Arabysk hjit it noch altyd fan al-Mamlakah al-Maġribiyah, wat "Keninkryk fan it Westen" betsjut. Oarspronklik waard Moarsk Spanje ek ta de Magreb rekkene, mar mei't dat sûnt 1492 net mear Arabysk is, falt dat der tsjintwurdich bûten. Letter waard de term "Magreb" yn bredere sin opfetten, as de hiele Arabyske wrâld bewesten Egypte, dus mei Syrenaika (eastlik Lybje), de Fezzan (súdwestlik Lybje), Mauretaanje en de Westlike Sahara der ek by. Dêrmei waard it in namme dêr't hiel noardwestlik Afrika ûnder beflapt wurde koe.

De mienskiplike kultuer fan 'e Grutte Magreb is Arabysk, dêr't it him mei ûnderskiedt fan 'e lannen besuden de Sahara. Mar der binne ek dúdlike Berberske invloeden, dy't de kultuer oars meitsje as dy fan Egypte en de Arabyske lannen yn it Heine Easten. Yn 1989 is de Uny fan de Arabyske Magreb stifte. Dat is in ynternasjonale organisaasje mei as lidsteaten Marokko, Algerije, Tuneezje, Lybje en Mauretaanje, dy't stribbet nei de ferbettering fan 'e ûnderlinge relaasje fan 'e oangeande lannen (Marokko en Algerije, bgl. ferkearden hiel lang hast op foet fan oarloch). De oarspronklike ideeën stjoerden hast op in bûnssteat oan, mar de organisaasje stribbet op it stuit fral nei gearwurking op it mêd fan 'e hannel.