Machtsport
In machtsport is in sport dêr't op in stuit in fysike prestaasje levere wurde moat. It doel fan sa'n sport is dan it fierste, heechste of swierste.
Machtsporten hawwe twa karakteristieken:
- De prestaasje wurdt levere yn ien trochgeand beweech. It is ornaris net mûglik en ûnderbrek healweis it besiik om dan wer fierder te gean.
- In dielnimmer hat mear as ien mooglikheid om de bêste prestaasje del te setten.
Ljepsporten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de ljepsporten is de prestaasje it heech as fier ljeppen as springen. Yn 'e regel moat by dizze sporten in oanrin fan de sporter yn in sa grut mûglike sprong as ljep omset wurde.
Werpsporten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de werpsporten is de prestaasje eat sa fier mûglik fuort te smiten. De sporter moat troch rinnen of draaien faasje meitsje mei it lichem, mar like wichtich is de behearsking fan it smytark om de faasje dêr op oer te bringen.
Krêftsporten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de krêftsporten is der hielendal gjin faasje; de krêft fan de sporter moat oerbrocht wurde om in wicht omheech te bringen of foarút te lûken of triuwen. De wichtigste twa tûken binne it Olympyske wichtheven en it resintere en minder technyske krêftheven.