Maaieklokje
maaieklokje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Convallaria majalis | ||||||||||||
Linnaeus, 1753
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
C. majalis L. C. keiskei Miq. (syn. C. majalis var. keiskei (Miq.) Makino) C. pseudomajalis W.Bartram (syn. C. montana Raf., C. majalis var. montana (Raf.) H.E.Ahles) |
It maaieblomke (Convallaria majalis) is in oant 30 sm hege fêste plant dy't yn it wyld foarkomt yn boskrike streken, mar ek as túnplant hâlden wurdt. Yn de grûn sit in krûpende woartelstôk. In pear blêden steane oan de foet fan de bloeistâle. It maaieblomke is giftich trochdat it bepaalde glykosiden befettet.[1]
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blêden binne breed-elliptysk, stâle en ûnbehierre. Se steane yn twatallen by elkoar. Under oan de plant sit in skie fan papiereftige blêden.
De blom is wyt, klokfoarmich en hat in oangename rook. De blommen wurde ± 8 mm lang. Der bestiet ek in cultivar mei rôze blommen. Der foarmet him in nei ien kant kearde trosse fan 6 - 12 blommen. Dizze bloeit yn de moannen maaie en juny. De soartoantsjutting majalis betsjut 'fan de moanne maaie'.
De frucht fan it maaieblomke is in reade bei dy't twa blauwe siedden befet.
Tapassingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blommen en woartels wurde troch de farmaseutyske yndustry ferwurke, omdat dizze de hertwurking beynfloedzje kinne. Yn âlde geskriften út de 16e iuw is te lêzen dat dizze kennis doe al bekend wie. Ek waarden de drûge blommen taheakke oan snúftabak.
Ut de blommen kin gjin etearyske oalje wûn wurde. Omdat de rook tige populêr is yn de parfumery en de kosmetika, wurdt dizze mei help fan geurstoffen as hydroksysitronellal gearstald.
Ferskaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- It maaieblomke is de nasjonale blom fan Finlân.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Plantesoarte
- Asperzje (famylje)
- Lânseigen floara yn Abgaazje
- Lânseigen floara yn Albaanje
- Lânseigen floara yn Andorra
- Lânseigen floara yn Armeenje
- Lânseigen floara yn Belgje
- Lânseigen floara yn Bosnje
- Lânseigen floara yn Bulgarije
- Lânseigen floara yn Denemark
- Lânseigen floara yn Dútslân
- Lânseigen floara yn Eastenryk
- Lânseigen floara yn Estlân
- Lânseigen floara yn Finlân
- Lânseigen floara yn Frankryk
- Lânseigen floara yn Fryslân
- Lânseigen floara yn Georgje
- Lânseigen floara yn Grikelân
- Lânseigen floara yn Guernsey
- Lânseigen floara yn Hongarije
- Lânseigen floara yn Ierlân
- Lânseigen floara yn Ingelân
- Lânseigen floara yn Itaalje
- Lânseigen floara yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen floara yn Jersey
- Lânseigen floara yn Kazachstan
- Lânseigen floara yn Kosovo
- Lânseigen floara yn Kroaasje
- Lânseigen floara yn Letlân
- Lânseigen floara yn Lychtenstein
- Lânseigen floara yn Litouwen
- Lânseigen floara yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen floara yn Man
- Lânseigen floara yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen floara yn Moldaavje
- Lânseigen floara yn Montenegro
- Lânseigen floara yn Nederlân
- Lânseigen floara yn Noard-Ierlân
- Lânseigen floara yn Noarwegen
- Lânseigen floara yn de Oekraïne
- Lânseigen floara yn Poalen
- Lânseigen floara yn Roemeenje
- Lânseigen floara yn Servje
- Lânseigen floara yn Sibearje
- Lânseigen floara yn Skotlân
- Lânseigen floara yn Sloveenje
- Lânseigen floara yn Slowakije
- Lânseigen floara yn Spanje
- Lânseigen floara yn Súd-Osseesje
- Lânseigen floara yn Sweden
- Lânseigen floara yn Switserlân
- Lânseigen floara yn Tsjechje
- Lânseigen floara yn Turkije
- Lânseigen floara yn Wales
- Lânseigen floara yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen floara yn Birma
- Lânseigen floara yn de Feriene Steaten
- Lânseigen floara yn Japan
- Lânseigen floara yn Mongoalje
- Lânseigen floara yn Noard-Koreä
- Lânseigen floara yn Sina
- Lânseigen floara yn Súd-Koreä