Springe nei ynhâld

Lugo

Ut Wikipedy
Lugo
Emblemen
Bestjoer
Lân Spanje
Provinsje Lugo
Regio Galysje
Comarca Lugo
Sifers
Ynwennertal 98.025 (2018)[1]
Oerflak 332 km²
Befolkingsticht. 300 km²
Hichte 465 m
Oar
Stifting 14-13 f. Kr.
Postkoade 27001 - 27004
Tiidsône UTC (GMT 1)
Simmertiid DST (GMT 2)
Koördinaten 43° 1' NB, 7° 34' WL
Offisjele webside
Webstee fan de stêd
Lugo

Lugo is in stêd yn de regio Galysje yn Spanje mei in oerflak fan 332 km². Yn 2018 hie Lugo 98.276 ynwenners. De stêd leit oan de rivier de Miño.

Lugo is de iennichste stêd fan 'e wrâld dy't omjûn wurdt troch folslein yntakte Romeinske muorren, dy't in hichte fan 10 oant 15 meter berikke by in lingte fan 2.117 meter en dy't 71 tuorren hat. De 3e-iuwske en 4e-iuwse muorren waarden yn 2000 opnommen op de Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Paulus Fabius Maximus stichte de stêd Lucus Augusti, de Romeinske namme foar de stêd, yn 14 -13 f. Kr. út namme fan syn keizer op it plak fan in militêr kamp dat al sûnt likernôch 25 f. Kr. bestie. It waard wie ien fan de wichtichste stêden yn it noardwesten fan it Ibearysk Skiereilân. De stêd kaam efterinoar yn hannen fan de Sueven, Fisigoaten en Moaren en waard yn de 10e iuw ferovere troch kening Alfons III fan Astuerje. Yn 1129 waard begûn oan de bou fan de katedraal, dy 't romaanske, goatyske, barokke en neoklassisistyske boueleminten befettet.[2]

Lugo is in stêd fan tsjinsten. De wichtichste aktiviteiten binne hannel, administraasje (kantoaren fan de autonome en sintrale regearing) en ûnderwiis en sûnenssoarch (it krekt iepene Hospital Universitario Lucus Augusti is it grutste yn Galysje ). [3]De stadige groei fan de befolking fan de stêd falt gear mei de ûntwikkeling fan de wichtichste ekonomyske sektoaren fan de gemeente. Der is net in protte yndustry en hast allinnich wijd oan de ferwurking fan lânbouprodukten (suvel, fleis, hout).

De universiteit fan Santiago de Compostela hat ferskate fakulteiten op de kampus fan Lugo, ien fan de wichtichste is de fakulteit diergenêskunde, ien fan de meast foaroansteande op dit mêd yn Spanje.

Yn 'e stêd wurdt it deiblêd El Progreso útjûn. [4] It is de meast lêzen krante yn de provinsje Lugo.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Municipal Register of Spain 2018. National Statistics Institute
  2. (in) Britannica Rieplachte op 9 febrewaris 2022.
  3. "Lucus Augusti, uno de los grandes hospitales de Europa. La Voz de Galicia" (PDF). Rieplachte 26 maart 2013.
  4. Webside fan de krante