Springe nei ynhâld

Linz

Ut Wikipedy
Linz
Flagge Wapen
Polityk
Lân Eastenryk
Dielsteat Opper-Eastenryk
Sifers
Ynwennertal 206.595 (1 jan. 2020)
Oerflak 95,99 km²
Hichte 266 m
Oar
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Webside www.linz.at

Linz is de haadstêd yn de Eastenrykske dielsteat Opper-Eastenryk en de op twa nei grutste stêd fan Eastenryk.

Linz leit yn it noarden fan it lân, op sa'n 30 kilometer fan de Tsjechyske grins

Fan 1945 oant 1955 wie Linz in ferdielde stêd. Noardlik fan de Donau waard Linz beset troch de Sovjet-troepen en súdlik dêrfan troch de Amearikanen. Yn 2009 wie Linz de Kulturele Haadstêd fan Europa.

Linz waard yn it romeinske steatsboek Notitia dignitatum as Lentia oantsjut. Om de ferbining oer de Donau feilich te stellen bouden de Romeinen yn it midden fan de 1e iuw fersterkings fan hout en ierde, dy't yn de 2e iuw troch in grutter stiennen kastiel ferfongen waard. Lentia waard nei de 2e iuw in pear kear troch Germanen ferneatige, mar bleau ek nei de rûzige folksferhuzings bewenne. De Dútske namme Linz waard yn 799 foar it earst optekene.

It Haadplein

Under de Babenbergers ûntwikkelde Linz him ta stêd. Sûnt 1207 fûn der planmjittige bebouwing plak en yn 1230 waard it nije haadplein oanlein. Yn 1240 krige de stêd in stedsrjochter en in stedssegel. Linz krige ek in soad oansjen om't de Linzer tol foar de Eastenrykske hartogen ien fan de wichtichste ynkomsten foarmen. Ferskillende belangrike hannelsrûtes krústen inoar by Linz.

Sûnt it ein fan de 13e iuw wie Linz in bestjoersstêd en it sintrum fan Eastenryk boppe de Ens woarn. Doe't keizer Freark III syn lêste jierren yn Linz trochbrocht wie it foar in hoart de belangrykste stêd fan it fan it Hillige Roomske Ryk. Yn 1490 waard Linz foar it earst Landeshauptstadt en de ried krige it rjocht in boargemaster en in stedsrjochter te kiezen. Op 3 maart 1497 krige Linz fan de roomsk-dútske kening en lettere keizer Maksimilaan I it rjocht in brêge oer de Donau te bouwen, nei Wenen en Krems de tredde Donaubrêge fan Eastenryk.

Linz likernôch 1918

Yn de tiid fan de reformaasje wie Linz oant 1600 protestantsk. Foar in skoftke wie der ûnder de reformator Wolfgang Brandhuber yn Linz ek in radikale gemeente fan werdopers. Nei 1600 namen de jezuïeten en kapusinen de taak op harren om de tsjinreformaasje yn te setten. De Eastenrykske Boerekriich trof yn 1626 ek Linz, doe't de stêd ûnder oanfiering fan Stefan Fadinger njoggen wiken lang beset holden waard. Nei de Tritichjierrige Kriich waard de stêd ûnder lieding fan de nije kleasters yn de styl fan de barok ferboud. Yn 1672 stifte Christian Sint de earste, yn de 18e iuw nasjonalisearre, tekstylfabryk fan Eastenryk, dêr't bytiden wol mear as 50.000 minsken wurken.

In belangrike ynwenner fan de stêd wie de astronoom Jehannes Kepler, dy't in tal jierren wiskunde dosearre. De universiteit fan Linz waard ferneamd nei Kepler. In oare ferneamde boarger wie Anton Bruckner, dy't tusken 1855 en 1868 as komponist en organist yn de Alde Katedraal fan Linz wurke. It Brucknerhaus is nei him ferneamd.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nibelungenbrücke

Adolf Hitler waard berne yn Braunau am Inn (in Eastenrykske stêd tichteby de Dútske grins) en ferhûze doe't er in jonkje wie mei syn heit en mem nei Linz om dêr in grut part fan syn jongerein troch te bringen. De famylje Hitler wenne earst yn it doarp Leonding oan de râne fan de stêd en dêrnei oan de Humboldtstrasse yn Linz. Ek de arsjitekt fan de holocaust - Adolf Eichmann - brocht syn jongerein troch yn Linz.

Hitler hie Linz útkeazen om letter syn âlde dei troch te bringen en hie as rykskânsler fan it Tredde Ryk grutte arsjitekturale en ekonomyske plannen mei de stêd en woe fan Linz in belangryk yndustry- en bestjoerssintrum meitsje mei grutte represintative gebouwen foar de NSDAP en oare nasjonaalsosjalistyske organisaasjes. Foar dat doel soe in grut part fan de histoaryske bebouwing opoffere wurde. Ek soe yn Linz in nij Führermuseum boud wurde om de nazy-samling stellen keunst út de besette lannen yn ûnder te bringen. De troch Albert Speer ûntwurpen grutskalige plannen waarden op inkelde útsûnderings, lykas de Nibelungenbrücke, de saneamde Brückenkopfgebäuden oan it begjin fan de brêge en it tsjintwurdige Heinrich-Gleißner-Haus, nea realisearre.

Hermann Göring beklimt de kraan yn Linz foar de earste tariedings foar de bou fan de Reichswerke "Hermann Göring"

Mei it yn 1938 stifte staal- en wapenbedriuw Reichswerke Hermann Göring en it Stikstofbedriuw Ostmark waard de basis lein foar de mettallurgyske en de chemyske yndustry yn de stêd. Foar de oanlis fan it yndustryterrein en de plannen in haven te graven waard it doarp St. Peter-Zizlau ûntromme en sloopt. Tusken 1941 en 1943 waard it spoar nei Gusen mei in brêge oer de Donau oanlein. Yn Gusen leine meardere konsintraasjekampen mei in ûnderierdske produksje fan grutte ûnderdielen fan Messerschmitt-fleantugen. Ek binne der oanwizings dat dêr V2-raketten boud waarden en ûndersyk dien waard nei kearnspjalting. Yn de yndustry waarden kriichsfinzenen en twangarbeiders út oare lannen, mar ek finzenen út it yn de omkriten lizzende kamp Mauthausen ynset. Op it stedsgebiet fan Linz leine trije bûtenkampen fan Mauthausen en 77 kampen foar twangarbeiders. Foar de oanwaaks fan de befolking moasten ek nij wiken oanlein wurde mei grutskalige wenkompleksen, dy't ek hjoeddedei it oansjen fan dy wiken bepale. De needsaaklike ynfrastruktuer lykas skoallen ensafuorthinne hat lykwols nea plakfûn. Mei in werydieling yn de kriichstiid ferdûbele it stedsgebiet fan Linz.

De yn de nasjonaalsosjalistyske tiid boude wenkompleksen

Fan de 600 joadske ynwenners binne 150 troch de nasjonaalsosjalisten fermoarde. Yn Niedernhart en it Hartheim waarden hûnderten slachtoffers yn it ramt fan it eutanasyprogramma ombrocht. Op it lêst hiene ek dyjingen, dy't it rezjym frijwillich of twongen tsjinne hiene, te lijen ûnder de gefolgen fan de nasjonaalsosjalistyske polityk. Om propagandistyske redenen waard der pas tsjin it ein fan 1943 wurke oan skûlplakken om de befolking tsjin bombardeminten te beskermjen. Sels yn novimber 1944 moasten noch grutte dielen fan de stêd it by loftoanfallen sûnder skûlplakken dwaan. By de 22 loftoanfallen op de stêd tusken july 1944 en april 1945 ferstoaren mear as 1.600 minsken. Ek tûzenen Linzers ferlearen harren libben troch te tsjinjen yn de Wehrmacht.

De konfrontaasje fan de stêd mei it nazy-ferline liede yn de kriichske-tiid ta it ferneamen fan in soad strjitnammen. Yn 1945, fuort nei it ein fan de diktatuer, krigen 39 strjitten yn Linz in oare namme. Sûnt 1988 krigen in soad plakken nammen fan slachtoffers fan it nasjonaalsosjalisme. Simon Wiesenthal, dy't yn 1945 it earste Joadske Dokumintaasjesintrum yn Linz oprjochte, krige foar syn wurk ta neitins oan de slachtoffers in ûnderskieding fan de stêd.

Yn 1975 hat Linz de yn 1966 stifte hegeskoalle opwurdearre ta de heechste akademyske ynstelling fan Eastenryk, de Jehannes Kepler Universiteit.

Linz is de iennige grutte stêd fan it lân, dy't mei 157.000 arbeidsplakken twa kear safolle banen hat as de stedsbefolking nedich hat. It wurkgelegenheidsoerskot soargen foar in soad forinzen út de omkriten fan Linz, dy't ferkearsswierrichheden feroarsaakje yn 'e stêd. Yn de aglomeraasje fan Linz wenje likernôch 782.000 minsken (2016). De grutte yndustrygebieten súdlik fan Linz en ferskillende grutte winkelsintra liede ek ta mear wen-wurkferkear en meitsje de ferkearsswierrichheden bûten de stêd noch slimmer.

Yn de rin fan de lêste dessinia ferlear Linz mear ynwenners oan omlizzende gemeentes as hokker Eastenrykske stêd ek. De ferbettere ferbinings fuortsterket mear migraasje en in tsjinoerstelde beweging dy't stêden as Wenen, Graz en Salzburg sûnt 2001 meimakken gyng foar Linz net op. Pas yn 2015 waard de grins fan 200.000 ynwenners op 'e nij helle.

De yntegraasje fan it waaksjende tal migranten stelt de stêd foar in grutte útdaging. Yn Linz wenje tsientûzenen minsken mei in oare kulturele eftergrûn út likernôch 150 ferskillende lannen. Yn 2020 gyng it om 19% fan de totale befolking. De measte migranten binne ôfkomstich út Bosnje-Hertsegovina, Roemeenje, Turkije, Dútslân, Kroaasje, Kosovo, Hongarije, Afganistan, Servje en Syrje.[1]

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1900 1951 1961 1971 1981 1991 2001 2011 2015 2020
Ynwennertal 83.356 184.685 195.978 204.889 199.910 203.044 183.504 189.845 197.427 206.595
Neue Dom

Neffens de folkstelling fan 2001 wie de religieuze oertsjûging fan de bewenners:

Fan 1867 oant 1938 hie Linz in lytse joadske mienskip, dy't yn de jierren 1920 hast 1000 leden telde. Yn 1877 bouden de joaden in synagoge. Troch it tanimmende anti-semitisme emigrearren yn de jierren 1930 in soad joaden. Sûnt de Anschluss yn 1938 setten de organisearre deportaasjes en moardnerijen útein. Joadske eigendommen waarden oan ariërs oerdroegen en yn 1938 waard de synagoge ferneatige. Op deselde lokaasje waard yn 1968 in nije synagoge iepene. De mienskip telt tsjintwurdich minder as 100 leden.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Landstrasse

De hiele binnenstêd is it besjen wurdich. It yn 1230 oanleine haadplein telt mei in oerflak fan 13.200 m² ta de grutste pleinen fan Europa. Yn it midden fan it plein stiet ta oantinken fan de slachtoffers fan de pest de Trijefâldichheidspylder út 1717-1723. Om it plein steane in soad monumintale gebouwen, lykas it yn de 16e en 17e iuw boude riedshûs, it Feichtinger-hûs mei it ferneamde karriljon, it Kirchmays-hûs, it Schmidtberger-hûs en de saneamde Brückenkopfgebäude, dy't in diel fan de Linzer Keunstuniveriteit ûnderdak jouwe.

Westlik fan it haadplein leit it Altstadtviertel mei noch folle mear histoaryske gebouwen. Tichteby it slot, dat fan 1489 oant 1493 de residinsje fan keizer Freark III wie, stiet de romaanske Sankt-Martins-Kirche út de 11e iuw. Eastlik fan it haadplein leit it Rathausviertel.

  • De roomsk Mariä-Empfängnis-Dom waard fan 1862 oant 1924 yn neogoatyske styl boud en is de grutste tsjerke fan Eastenryk.
  • Yn it Mozarthûs, dat yn de twadde helte fan de 16e iuw boud waard, komponearre Wolfgang Amadeus Mozart yn trije dagen de "Linzer Sinfonie" en de "Linzer Sonate". It hûs kin allinne fan bûten besichtige wurde, de tún is lykwols foar it publyk tagonklik.
  • It 16e-iuwske Kremsmünsterer Haus stiet oan de "Alten Markt" yn de histoaryske binnenstêd. Neffens it ferhaal ferstoar dêr yn 1493 keizer Freark III.
  • De Alde Dom (Domgasse) waard tysken 1669 en 1678 boud as jezuïetentsjerke en yn 1785 de katedraal fan it doe nije bisdom Linz.
  • De Mariä-Himmelfahrttsjerke (Pfarrplatz) is in fan oarsprong goatysk tsjerkegebou út de 13e iuw.
  • De Seminarkirche (Harrachstrasse) is oarspronklik in tsjerke fan de Dútske Oarder. Tsjintwurdich heart it by it seminaarje.
  • In elektrysk berchtreintsje bringt toeristen nei de 537 meter hege Pöstlingberg. Dêr stiet ek de beafeartstsjerke Zu den Sieben Schmerzen Mariens.
  • Landesmuseum:
    • Schlossmuseum Linz (Schlossberg, webstee)
    • Francisco Carolinum (Museumstrasse, webstee)
  • Stadtmuseum Nordico (Dametzstrasse, webstee)
  • Lentos Kunstmuseum (Ernst-Koref-Promenade, webstee)
  • Ars Electronica Center (Hauptstrasse, webstee)
  • Tabakfabrik (Peter-Behrens-Platz, webstee)
  • voestalpine Stahlwelt - Ausstellung & Museum (voestalpine-Straße, webstee)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side