Springe nei ynhâld

Lida Dykstra

Ut Wikipedy
Lida Dykstra

Lida Dykstra (It Hearrenfean, 16 july 1961) is in Fryske berneboekeskriuwster. Sy skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk.

Se groeide op yn Skarsterbrêge en ferhuze op har achttjinde nei Leien om oan de Reinwardt Akademy foar museummeiwurkers te studearjen. Nei't se ôfstudearre wie, gie se fierder mei de akademyske stúdzje Keunstskiednis; har haadfak wie ambachtskeunst. Se wennet mei man en dochter yn De Knipe.
Tusken 1986 en 1989 wurke se by de stifting Monument van de Maand, dêrnei hat se as konservator yn it Museum De Jouwer wurke. Yn 1992 begûn se te skriuwen.

Dykstra makke har debút as berneboekeskriuwster mei Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid. Neist boeken foar bern en jongerein skriuwt se ek ferhalen en gedichten foar folwoeksenen. Se skriuwt yn it Frysk en yn it Nederlânsk en set sels har boeken fan de iene yn ‘e oare taal oer. Foar ien fan har ferhalen krige se yn 1999 de Rely Jorritsmapriis. Har Wolken fan wol is yn septimber 2001 ûnder de titel 'Wachten op Apollo' yn it Nederlâns ferskynd. It waard bekroand mei in ‘Vlag en Wimpel’. Ek har bydrage oan de sammelbondel Listen fan goaden en bisten hat in klassyk tema, yn dit gefal it ferhaal fan Psyche. Hjerst 2003 ferskynde as aksjeboek Mûske myn famke. It is basearre op in gedicht fan Gysbert Japicx. Der binne oersettingen fan yn it Ingelsk, Nederlâns en Afrikaansk. In Welpeprint wie der foar har boeken Snotaapkes, Wolken fan wol en Lederwyntsje, bern mei krêften yn 2000, 2001 en 2006. Yn 2004 krige se foar dat boek de Simke Kloostermanpriis, yn 2007 wûn se dy priis nochris, no mei Lederwyntsje, bern mei krêften.
Yn 2009 wûn hja foar de twadde kear de Rely Jorritsmapriis mei De Lytse ik, dêrnei yn 2011 foar it ferhaal De jonge dy’t Koraal neamd waard, yn 2013 foar De dûnsflier fan de duvel en yn 2014 foar Flinteraikes.

Maart 2012 waard bekend makke dat Dykstra it Aksjeboek foar de bern fan dat jier skriuwe soe, Knipperke. De yllustraasjes wiene fan Natascha Stenvert út it Drintske Zeijen. Yn 2012 ferskynde ek it boek De nije seemearmin, mei histoaryske ferhalen foar folwoeksenen.

Tusken 2020 en 2022 wie se de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Op 16 septimber 2022 waard Dijkstra beneamd ta lid fan de Fryske Akademy.[1]

Berneboeken yn 't Frysk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lida Dykstra
  • Sjoerd Stiensma syn reis troch de tiid (Afûk, 1994)
  • De billebiter (Friese Pers Boekerij, 1995)
  • De skat fan jonker Jan (Afûk, 1996)
  • Pake past op Dideldeintsje (Afûk, 1997)
  • Leaverikjes (Friese Pers Boekerij, 1998)
  • Gefaar foar Graaf Max (Afûk, 1999)
  • Snotaapkes (Bornmeer, 1999)
  • Wolken fan wol (Bornmeer 2000)
  • De suertsjeplysje (Bornmeer, 2002)
  • Dideldeintsje wol nei skoalle (Bornmeer, 2003)
  • Mûske myn famke (Bornmeer, 2003)
  • Tsien lytse hekskes (Bornmeer, 2005)
  • Lederwyntsje (Bornmeer, 2005)
  • Oekebakke boem (Bornmeer, 2006)
  • Skattich (ferskynd yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk, Dútsk, Frânsk, Italjaansk en Portugeesk, Bornmeer, 2006)
  • Ik bin in optocht ( ferskynd yn it Frysk, Nederlânsk, Japansk en Sineesk, Bornmeer, 2007)
  • Spegelspreuk (Aed Levwerd, 2007)
  • Ik wol gjin broerke (Bornmeer, 2008)
  • Kiki fangt in pake (Bornmeer, 2009)
  • De ridder fan Oei (Afûk, 2009)
  • Ik hâld fan Pod (Bornmeer, 2010)
  • Knipperke (Afûk, aksjeboek foar de bern 2012)
  • oer it libben fan Margaretha Geertruida Zelle (Aksjeboek foar Bern 2017)
  • Ridder Jet (Audiofrysk, 2017)
  • De huodsjes fan Mata-Hari (Wijdemeer, 2017)
  • De weddenskip (Afûk, 2017)
  • Dweiltrochwiet (Afûk, 2018)
  • It spûkskip en 24 oare koarte ferhalen (Afûk, 2019)
  • De tún fan Trip (Audiofrysk, 2019)
  • De letterfretter (Afûk, 2023)

Nederlânsktalige boeken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Lida Dykstra
  • Gevaar voor graaf Max (mei CD, Kok Educatief, 1997)
  • Poppennacht (Kok Educatief, 1997)
  • Sinto de saurus (Bekadidact, 1999)
  • Vlieg naar de zon Pip, (Maretak, 2000)
  • Sim loopt weg (Maretak, 2000)
  • Koning Kind (Maretak, 2000)
  • Praat maar met Duif (Maretak, 2001)
  • Pootjes, pootjes, puf, puf (Maretak, 2001)
  • Wachten op Apollo (bekroand mei Vlag en Wimpel, kearntitel fan de Jonge Jury, Lemniscaat, 2001)
  • Ootje (Lemniscaat, 2002)
  • Het kinderhotel van juffrouw Kummel (Maretak, 2002)
  • Pip is op Snoes (Maretak, 2002)
  • Maan en de Pixies (Maretak, 2002)
  • Ootje weer (Lemniscaat, 2003)
  • De toverlantaarn van juffrouw Kummel (Maretak, 2003)
  • Pin wil geen prik (Maretak, 2003)
  • Stoppen (Maretak, 2004)
  • Geeske en de cirkel van drie (Lemniscaat, 2004)
  • Tien kleine heksjes (Lemniscaat, 2005)
  • De DINKies: herten in nood (Maretak, 2006)
  • Slaap lekker, prinses (Maretak, 2006)
  • Schattig (Lemniscaat,ferskynd yn 7 talen, 2006)
  • Eén muisje kan geen optocht zijn (Gottmer (ferskynd yn 4 talen, 2007)
  • Juffrouw Kummel en de kikkerprins (Maretak, 2007)
  • Spiegelspreuk (Aed Levwerd, 2007)
  • Ik wil geen broertje (Gottmer, 2008)
  • Vlokje ontvoerd (Maretak, 2009)
  • Ik hou van Pad (Bornmeer, 2010)
  • Welkom op de Dierderij (Pimento, 2010)
  • Verhalen voor de Vossenbroertjes (Pimento, 2011)
  • Logeetjes op de dierderij (Pimento, 2012)
  • Dutje (Pimento/Moon, 2012)
  • De Moedhoed (Moon, 2013)[2]
  • Willemijn wil niet zwemmen (Gottmer, 2014)
  • Pas op big! (Utjouwerij Kluitman, 2014)
  • Rom bom big (Maretak, 2015)
  • Haas in de put (Kluitman, 2015)
  • Pup gaat te ver(Kluitman, 2016)
  • Dex Durfal. De schedel van kristal (Kluitman, 2016)
  • Dex Durfal. Op jacht naar de yeti (Kluitman, 2016)
  • Cowboy Rik. Een paard voor Rik (Maretak, 2016)
  • Cowboy Rik. De bankroof (Maretak, 2016)
  • Cowboy Rik. De ramp van Goudgroef (Maretak, 2016)
  • Cowboy Rik. De spookstad (Maretak, 2016)
  • Wonen in een schilderij (Wijdemeer/Frysk Museum, 2016)
  • De ring van koning Salomo (Luitingh-Sijthoff, 2016)
  • Kuikens op de dierderij (Luitingh-Sijthoff, 2016)
  • De briefjes van Bing (Luitingh-Sijthoff, 2017)
  • Het beest met de kracht van tien paarden (Luitingh-Sijthoff, 2019)
  • Aap is een ster (Kluitman, 2019)
  • Sipke gaat zeilen (Rubinstein, 2019)
  • Sipke vindt een kievitsei (Rubinstein, 2020)
  • De bol van Lif. Vuur in het bos (Kluitman, 2020)
  • De bol van Lif. Een vis aan wal (Kluitman, 2020)
  • Sipke op het kaatsveld (Rubinstein, 2021)
  • De bol van Lif. De bol gaat in zee (Kluitman, 2021)
  • Schaduw van Toet (Luitingh-Sijthoff, 2021)
  • Sprokia. De boze stiefoma's (Maretak, 2021)
  • Sprokia. Het probleem van juf Pieps (Maretak, 2021)
  • Het ruilspel (Luitingh-Sijthoff, 2022)
  • Dex Durfal. Herrie in het Mirakel Museum (Kluitman, 2022)
  • Sipke leert fierljeppen (Rubinstein, 2022)
  • Sprokia. De test voor de Toverschool (Maretak, 2022)
  • Sprokia. Het gat in de heg (Maretak, 2022)
  • De bol van Lif. Mol ligt in zee (Kluitman, 2022)
  • 1999 - Rely Jorritsmapriis foar De nije seemearmin
  • 2004 - Simke Kloostermanpriis foar Mûske, myn famke
  • 2007 - Simke Kloostermanpriis foar Lederwyntsje, bern mei krêften
  • 2009 - Rely Jorritsmapriis foar De Lytse ik
  • 2011 - Rely Jorritsmapriis foar De jonge dy’t Koraal neamd waard
  • 2013 - Rely Jorritsmapriis foar De dûnsflier fan 'e duvel
  • 2014 - Rely Jorritsmapriis foar Flinteraikes
  • 2002 Vlag en Wimpel foar Wachten op Apollo
  • 2002 Op de IBBY-Honourlist mei Wolken van wol.
  • 2007 Leespluim van de maand febrewaris foar Schattig
  • 2008 Leespluim van de maand april foar Eén muisje kan geen optocht zijn
  • 2008 Earste priis fan de Flaamske Berne- en Jeugdsjury foar Schattig
  • 2010 Op de IBBY-Honourlist mei Spegelspreuk
  • 2011 Leespluim van de maand maart foar Welkom op de dierderij
  • 2012 Vlag en Wimpel foar Verhalen voor de Vossenbroertjes
  • 2017 Nominaasje foar de Woutertje Pieterse Priis foar De ring van koning Salomo

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fryske Akademy benoemt vier nieuwe leden, 2022-09-16
  2. ISBN 9049926428