Levy
Levy (Hebriuwsk: לוי ) is yn it Alde Testamint de tredde soan fan Jakob en Léa. It neiteam fan Levy foarme ien fan de tolve stammen fan Israel.
Oer Levy wurdt yn de bibel net in soad skreaun, Hy holp syn broer Simeön om it ûntearjen fan harren suster Dina troch Sichem te wreken. Sichem, de soan fan de Chiwwytyske foarst Hemor, hie Dina leaf, hy koe him net mear ynhâlde en ferkrêfte har. Sichem woe Dina graach as frou hâlde, hy oerlei mei syn heit en dy stelde Jakob út om famyljebannen mei inoar oan te gean. Jakob oerlei it útstel mei syn soannen, mar dy woene Dina wreke. Hja makken harren eigen plan en stelden út dat der allinne sprake fan it oangean fan famyljebannen wêze koe as alle manlju fan Hemor's folk harren lykas hjasels besnije lieten. Hemor gyng nei syn folk werom en trune der op oan dat alle manlju har besnije lieten, sadat de folken inoars froulju útwikselje koene en der sa ien folk ûnstie.
Nei trije dagen krigen de manlju dy't besnien wiene pine yn 'e lea. Simeön en Levy namen doe harren swurd en koene sûnder muoite de stêd yn en ien foar ien deaden hja de sike manlju, ek Sichem en syn heit Hemor, en namen Dina mei werom nei hûs. Nei't alle manlju fermoarde wiene plonderen de soannen fan Jakob de stêd en namen alles fan wearde mei.
Jakob wie poerlilk op syn soannen en ferwiet Simeön en Levy dat hja him op in minne namme brocht hiene. Ek wied er benaud foar de wraak fan de oare bewenners fan it lân.[1]
Doe't Jakob op stjerren lei en syn soannen de segen jaan woe, sei er oer de twa bruorren: harren messen binne ark fan geweld, yn har gearkomste sil myn persoan net behelle wurde, want yn har grime hawwe se manlju deaslein. Hy ferflokte de grime fan de bruorren en die it ûnthjit dat er har ûnder Israel ferdiele soe.[2]
Neiteam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It neiteam fan Levy, de leviten, krige in taak yn de timpel. Ek Mozes en Aäron stamden fan Levy. It skaai út Aäron bestie út preesters, de oaren krigen oare funksjes yn de timpel. De leviten krigen gjin lân yn Kanaän. Mozes wiisde de plakken yn Kanaän oan dêr't hja wenje mochten en hja libben fan de tsienden dy't hja krigen foar de tsjinsten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|