Springe nei ynhâld

Lemsterwei (Snits)

Ut Wikipedy

De Lemsterwei is in wichtige trochgeande wei op de râne fan de wyk Himdyk yn Snits. Bûten de stêd is de Lemsterwei bekend as N354.

De wei krige syn namme yn 1843 en waard neamd nei De Lemmer, dêr't de wei út Snits wei hinne rint. De wei wie ien fan de earste ferhurde diken yn Fryslân en wie ta stipe en ferbettering fan it ferfier oer de wei.

De strjitte begjint by de Lemsterdykbrêge, oer de súdrin fan de Stedsgrêft. Dêr slút de strjitte oan op de Balthuskade en oer de brêge op de Heecheind. De namme Lemsterwei hat de dyk mar oant de oanslúting mei de Sudergoewei; dêr foarby krijt de dyk de namme Ripewei.

Oan de Lemsterwei steane it Hotel Osinga en de Wettertoer. Fan de ein yn de stêd stiet de Wetterpoarte drekt oer de brêge. De Lemsterwei krúst de Rykswei 7 en, mei help fan de Lemsterweibrêge, de stedsgrêft.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Gemeentebestjoer Snits (1978) Geschiedenis in straatnamen. Plak fan útjefte: Snits.