Lawei
Appearance
De lawei of 'lavei' wie in hege peal yn feanterijgebieten of ûntginnings, dêr't boppe-oan in lange stôk sa fêstmakke sit dat hy op-en-del beweecht wurde kin. Oan de iene ein siet in koer of sek dy't sa ophelle en sakke wurde litten koe. Behindert reinen it wurk dan wurdt de lawei horizontaal setten. De lawei wie foar de feanarbeiders de tiidwizer en waard wol de 'klok fan it fean' neamd'. Fermoedlik is lawei ôflaat fan it Frânske 'lever' (is optille, hifkje, 'se lever' is fan bêd ôf komme en it opkommen fan de sinne). Op kaarten fan foar 1700 stiet al ris in lawei oanjûn. Yn Hoarnstersweach hie men it oer de 'lawaai'.
It teater fan Drachten, De Lawei is nei de lawei neamd.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Mark Goslinga, Het verveningsbedrijf, yn: 375 jaar Hoogezand en Sappemeer, Stichting 400 jaar Veenkoloniën, Profiel, Bedum, 2003, sd.75-83
- Otto S. Knottnerus, Frisia non cantat? Over lawei steken en lawaai maken, Veenkoloniale Volksalmanak. Jaarboek voor de geschiedenis van de Groninger Veenkoloniën, 9, 1997, pp. 9-25 online
- S.J. van der Molen, Turf uit de wouden. Bijdrage tot de geschiedenis van de hoogveengraverij in Oostelijk Friesland tot 1900, Fryske Akademy, nr. 543, De Tille, Ljouwert, 1978