Laura van den Berg
Laura van den Berg | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Laura van den Berg | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1981 | |
berteplak | ? (Floarida) | |
etnisiteit | Nederlânsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferhalen | |
prizen | O. Henry Award 2014 | |
jierren aktyf | 2009 – no | |
offisjele webside | ||
lauravandenberg.com |
Laura van den Berg (1981) is in Amerikaansk skriuwster fan romans en koarte ferhalen. Hja is fan etnysk Nederlânsk komôf.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van den Berg is hikke en tein yn 'e Amerikaanske steat Floarida, dêr't hja wenne oant har twaentweintichste. Neitiid studearre se oan it Emerson Kolleezje yn Boston, dêr't se in masterstitel yn 'e skiene keunsten behelle. Van den Berg wennet noch altyd yn Boston, en wurket as dosinte kreätyf skriuwen oan ferskate skoallen en ynstituten, wêrûnder it Emerson Kolleezje en de George Washington Universiteit yn Washington, D.C.
Yn 2009 brocht Van den Berg ûnder de titel What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us har earste ferhalebondel út, dy't bysûnder goed ûntfongen waard, en har û.m. in Pushcart Prize besoarge. In twadde bondel fan har kaam yn novimber 2013 út ûnder de titel The Isle of Youth, mei op 'e nij tige loovjende kritiken. Diskear smiet har wurk har in O. Henry Award foar koarte ferhalen op. Van den Berg har ferhalen ferskynden ek yn ferskate tydskriften. Har earste roman, Find Me, brocht se yn febrewaris 2015 út. Dêrmei wûn se in Jeannette Haien Ballard Writer’s Prize, dêr't in jildbedrach fan $25.000 oan ferbûn is.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2009 – What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us (ferhalebondel)
- 2013 – The Isle of Youth (ferhalebondel)
- 2015 – Find Me (roman)
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2010 | The Story Prize | nominearre | bêste koarte fiksje | What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us |
Frank O'Connor International Short Story Award | nominearre | bêste koarte fiksje | What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us | |
Pushcart Prize | wûn | bêste koarte fiksje | What the World Will Look Like When All the Water Leaves Us | |
2014 | Frank O'Connor International Short Story Award | nominearre | bêste koarte fiksje | The Isle of Youth |
American Academy of Arts and Letters Rosenthal Family Foundation Award | wûn | bêste koarte fiksje | The Isle of Youth | |
O. Henry Award | wûn | bêste koarte ferhaal | Opa-Locka | |
2015 | Jeannette Haien Ballard Writer’s Prize | wûn | bêste roman | Find Me |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |