Kyzyl
Kyzyl Кызы́л (Russysk) Кызыл (Tûvynsk) | |
---|---|
It geografyske sintrum fan Aazje | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Ruslân |
Oblast | Tûva |
Sifers | |
Ynwennertal | 123.260 (2022) |
Oerflak | 97,41 km² |
Befolkingstichtens | 1.265,37 ynw/km² |
Hichte | 631 meter |
Oar | |
Stifting | 1914 |
Tiidsône | UTC 7 MSK 4 |
Koördinaten | 51° 42' N 94° 22' E |
Webside | mkyzyl.ru |
Kyzyl (Russysk: Кызы́л, Tûvynsk Кызыл) is de haadstêd fan de Russyske dielrepublyk Tûva yn it suden fan Sibearje. De stêd leit op in hichte fan 631 meter op it plak dêr't de Grutte- en de Lytse Jenisej gearrinne. 'Kyzyl' betsjut yn it Tûvynsk 'read' en is ôflaat fan it Aldturkske Qyzyl (→ Kızıl).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd waard yn 1914 as Belozarsk (Russysk: Белоца́рск) stifte. Fan 1918 oant 1926 droech de stêd de namme Chem-Beldyr of Chem-Beldir (Хем-Бельды́р of Хем-Бельди́р), wat soksawat as 'stêd oan de rivier(en)' betsjut. Dêrnei krige de stêd de namme Kyzyl. Oant en mei 1944 wie de stêd de haadstêd fan de ûnôfhinklike Tûvynske Folksrepublyk.
Neffens de stêd leit Kyzyl yn it geografyske sintrum fan Aazje. Dat is lykwols net foar elkenien oertsjûgjend. Ek Ürümqi yn Sina neamt him bygelyks it sintrum fan Aazje. In obelisk soe dat sintrum fan Aazje yn Kyzyl oantsjutte, dy't dêr yn 1964 yn it ramt fan it 20-jierrich jubileum fan de oansluting by de Sovjet-Uny delset waard.
Likernôch 9 kilometer súdlik fan de stêd leit Tos-Bûlak, de namme fan in gebiet mei iepen fjilden en minerale boarnen, dêr't op 15 augustus alle jierren it Naadam-festival holden wurdt mei typyske Tûvynske spullen lykas bôgesjitten, wrakseljen en hynsteraces. It festival wurdt ta it ymmaterieel kultureel wrâlderfgoed rekkene.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kyzyl fan Wikimedia Commons. |