Springe nei ynhâld

Kyrenia (distrikt)

Ut Wikipedy
Distrikt Kyrenia
Επαρχία Αμμόχωστου
Polityk
lân flagge fan Syprus Syprus
haadstêd Kyrenia
yndieling - 3 stêden
- 44 doarpsgemeenten
Sifers
oerflak 643.9 km²
Gemeenteyndieling fan it distrikt Kyrenia.
Gemeenteyndieling fan it distrikt Kyrenia.

It Distrikt Kyrenia is de jure in bestjoersdistrikt fan 'e Republyk Syprus. De haadstêd is Kyrenia. It is it lytse distrikt fan Syprus.

Sûnt de Turkske ynvaazje fan 1974 bestiet it distrikt Kyrenia feitlik net mear. De grinzen fan it distrikt komme oerien mei it de fakto distrikt Girne. It is it iennige distrikt dêr't de Republyk Syprus hielendal gjin kontrôle mear op útoefenje kin, sels net op in diel dêrfan. Formeel bestiet it distrikt lykwols noch jimmeroan as fertsjintwurdiger fan 'e ferdreaune bewenners.

Yn 1960 bestie de befolking fan it distrikt út 31.015 ynwenners, dy't foar 79% út Griken, 14% út Turken en 6% út Maroniten bestie. De Maronityske befolking wenne hast folslein yn 'e doarpen Kormakiti, Asomatos and Karpaseia.

Neffens de Statistyske Tsjinst fan Syprus bestiet it distrikt Kyrenia út trije stêden en 44 gemeenten. De stêden wurde yn fette letters oanjûn. Alle gemeenten lizzen yn it troch Turkije besette gebiet.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kyrenia District fan Wikimedia Commons.
Distrikten fan Syprus

FamagustaKyreniaLarnakaLimassolNikosiaPafos
· · Berjocht bewurkje