Springe nei ynhâld

Konsylje

Ut Wikipedy
It konsylje fan Kalsedon, skildere troch Vasili Soerikov, 1876

In konsylje[1] of konsily is in gearkomste fan regionale Kristlike lieders/amtsdragers. It wurd Konsylje, offisjeel Oekumenyske Konsylje, waard yn it earstoan allinnich brûkt as beneaming foar de byienkomst fan kristlike patriarchen meiinoar tusken de jierren 325 en 787 fan ús jiertelling. Sûnt it Earste Fatikaans Konsylje waard mei it wurd konsylje ek doeld op de gearkomsten fan de Roomsk-Katolike biskoppen ûnder lieding fan de paus yn Rome.

In konsylje op provinsjaal nivo wurdt ek wol synoade neamd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Visser, W., Frysk Wurdboek: Nederlânsk-Frysk, Drachten/Ljouwert, 1985 (Utjouwerij A.J. Osinga/Fryske Akademy), ISBN 9 06 06 64 418, s. 130.