Springe nei ynhâld

Kompost

Ut Wikipedy
Rigen mei kompost

Kompost (fan it Frânske compost, mei deselde betsjutting) is in organyske stof dat troch in proses fan fertarjen makke wurdt. It proses brûkt ferskate organyske reststoffen dy't oars as ôffal sjoen waarden, sa as bygelyks dong, houtsnippers, meand túngers, blêden, fruitskilen, ensf. Troch mikro-organismen wurde dy ferwurke ta in soarte fan humus. It is in donkerbrún ta swart krommelich produkt.
Kompost is tige fruchtber. It wurdt brûkt yn bygelyks tunen, túnbou, stedslânbou en ekologysk buorkjen. Kompost hat in soad foardielen foar de grûn. It kin brûkt wurde as keunstdong en soarget foar in goede boaiemstruktuer. It wurket as in natuerlike ûnkrûdbestrider en komt ôfsliten fan de grûn tefoaren. It kin ek as bedekking fan in stoartplak tsjinje.
Op de maklikste manier kin kompost makke wurde fan in heap wiete organyske stof, sa as blêden, gers en skilen, wêrnei't mikro-organismen se ôfbrekke ta humus yn in tiidrek fan in pear moanne. Mar it kin ek in langer proses wêze, dêr't men bygelyks wetter, lucht of koalstof- en stikstofryk guod taheaket. Dat proses fan fertarjen wurdt holpen troch it hakseljen fan planteguod, taheakjen fan wetter, foldwaande ûntluchtsje te litten en yn rigen harkje te litten. Wjirmen en poddestuollen brekke it guod fierders ôf en produsearje dan waarmte, koaldiokside en ammonium