Komoaren
| |||||
Offisjele taal | Komoreesk, Arabysk, Frânsk | ||||
Haadstêd | Moroni | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | Komoreeske-frank (KMF) | ||||
Tiidsône | UTC 3 | ||||
Nasjonale feestdei | 28 maaie | ||||
Lânkoade | COM | ||||
Ynternet | .km | ||||
Tillefoan | 269 |
De Komoaren is in lân besteande út trije eilannen Grut Komoare (Njazidja), Mohély (Mevali) en Anjouan (Narvani) plus noch wat lytse eilantsjes dy't foar de eastkust fan Afrika lizze. De haadstêd is Moroni.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Komoaren wurde begrinzge troch:
- de Yndyske Oseaan,
- Madagaskar yn it súdwesten;
- Kenia en Mozambyk yn it easten.
Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eilannen fan de Komoaren binne foar it grutste part fan fulkanyske oarsprong: de heechste fulkaan is de noch hieltyd aktive Kartala (2361 meter heech). De berchmassiven binne begroeid mei rainwâld. Foar de kust lizze koraalriffen.
Mayotte is mei goed 5,4 miljoen jier it âldste eilân, Grut Komoare mei 130.000 jier de jongste. De fulkaan op Grut Komoare (Kartala) is noch aktyf, en kaam yn 1977 ta útbarsting.
De see om de eilannen hinne hat in djipte fan 3000 meter.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn de 16e iuw hawwe de eilannen behearske west troch Arabieren. De yn 1843 troch Frankryk stifte koloanje op it buoreilân Mayotte waard yn 1912 útwreide mei de Komoaren. Yn 1975 waarden de Komoaren selsstannich, Mayotte bleau Frânsk.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Komorezen meitsje 97% fan de befolking út en de Makûa 1,5%.
Talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Komoren wurde sân ferskillende talen sprutsen; fjouwer dêrfan binne farianten fan it Komoreesk en binne Niger-Kongotalen dy't hiel bot op it Swahily like. Mei likernôch 260.000 sprekkers is it Ndzwany-Komoreesk de wichtichste taal fan it lân, it foarmet mei it Frânsk en Arabysk de offisjele talen.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei in persintaazje fan 98,9% is de islam (soennisme) de grutste religy, 1% fan de befolking is kristen (Roomsk-katolyk) en 0,1% oanhinger fan bahay.