Kommunybank
De kommunybank is in knibbelbank dy't yn in tsjerke de alterromte skiedt fan 'e rest fan 'e tsjerke. Oant it Twadde Fatikaansk Konsylje foarme de kommunybank in fêst ûnderdiel fan it roomsk-katolike tsjerkemeubilêr. Knibbeljend krigen katoliken dêr fan 'e pryster de konsekrearre hosty eartiids op 'e tonge. Tsjintwurdich binne yn de measte katolike tsjerken de kommunybanken ferdwûn of krigen se in oare funksje. Yn Skandinaavje en Súd-Sleeswyk komme kommunybanken ek yn in soad lutherske tsjerken foar, mar dêr wurdt it alterhek neamd.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Histoarysk sjoen is de kommunybank ien fan 'e foarmen, dy't sûnt de ierste tiid fan it kristendom de alterromte foar de geastliken fan 'e romte foar it gewoane tsjerkefolk skiede. Yn it begjin wiene stiennen ôffredings de regel, dy't yn it easten resultearren yn 'e ikonostaze en yn it westen, mar dan meastentiids yn gruttere tsjerken, it doksaal.
Doe't it knibbeljen by it krijen fan 'e hosty wenst waard, ûntstie de kommunybank, dy't fan hout, moarmer of smei-izer makke waard en somtiden ek fersierd waard mei reliëfs, bylden of skildere panelen. Yn 'e kommunybank sitte yn 'e regel doarkes om de tagong ta it alter mooglik te hâlden. Om tefoarren te kommen dat krûmels fan 'e hosty op ; e grûn foelen, waard eartiids by it brûken fan 'e bank in doek lein, dy't oan 'e bank fêst makke wurde koe.
Nei de liturgyske herfoarmings fan it Twadde Fatikaansk Konsylje waard op in soad plakken de hjoeddeiske gewoante ynfierd om de hosty steande op 'e hân te jaan. Dêrmei ferlear de kommunybank syn funksje. Faak waard de kommunybank fan it plak ferwidere, sadat it tsjerkefolk tenei ek in better sicht hie op it nij ynfierde folksalter. Somtiden waard de kommunybank gewoan ôfbrutsen, mar it barde ek dat de kommunybank opslein waard, in oar plak krige of brûkt waard by de bou fan in nij alter. Sa bleau de mei reliëfs fan hilligen fersierde kommunybank fan 'e Ljouwerter Bonifatiustsjerke ek bewarre en is dy noch jimmeroan te sjen efter it folksalter.
De âlde tradysje om knibbeljend oan 'e kommunybank de hosty te krijen fynt noch jimmeroan plak yn guon tsjerken, dêr't de Hillige Misse noch neffens de liturgy fierd wurdt út de tiid fan foar de herfoarmings yn 'e jierren 1960. Ek yn guon katolike lannen, dy't yn de tiid fan de liturgyske herfoarmings fan 'e jierren 1960 efter it Izeren Gerdyn leine, lykas Poalen, hold de kommunybank de âlde funksje en dêr kriget it tsjerkefolk ek tsjintwurdich noch faak de hosty knibbeljend en op 'e tonge.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kommunybanken fan Wikimedia Commons. |