Koeweit
| |||||
Offisjele taal | Arabysk | ||||
Haadstêd | Koeweit | ||||
Steatsfoarm | Konstitúsjonele monargy | ||||
Gebiet % wetter |
17.818 km² 0,0% | ||||
Ynwenners (2005) | 2.867.000 | ||||
Munt | Koeweitske dinar (KWD) | ||||
Tiidsône | UTC 3 | ||||
Nasjonale feestdei | 25 febrewaris | ||||
Lânkoade | KWT | ||||
Ynternet | .kw | ||||
Tillefoan | 965 |
Koeweit is in lân yn Midden-Easten. De haadstêd is ek Koeweit en de emir fan de monargy is sûnt 2020 Nawaf Al-Ahmad Al-Jaber Al-Sabah.
Koeweit wurdt begrinzge troch:
- de Perzyske Golf yn it easten;
- Saûdy-Araabje yn it súdwesten;
- Irak yn it noardwesten.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koeweit makke fan ôf de 8e iuw part út fan it Abbasidenryk. Letter waard it opnommen yn it Ottomaanske ryk (16e iuw), dêr't lang om let ek in foarm fan selsstannigens krige yn de foarm fan in prinsdom. De tsjinwurdige hearskjende famylje stamt fan ien fan dizze prinsen, sjeik Sabah al-Awwal ôf, dy't hearske fan 1756 oant 1772.
Yn 1899 tekene de doetiidske prins, sjeik Mubarak, in ferdrach mei de Britten, dêr't troch it in Britsk protektoraat waard. Yn 1914 erkende de Britske oerheid Koeweit as in ûnôfhinklik lan, mar wol ûnder Britske proteksje. Yn 1961 waard Koeweit folslein ûnôfhinklik. Yn de tuskentiid hie de ûntdekking fan oalje ta in grutte rykdom laat. Dit luts in protte gastarbeiders oan, dy't gjin steatsboargerskip krije kûnen.
Alhoewol't it lân in bûnsmaat wie fan Irak tidens de Irak-Iran oarloch, waard it troch Irak beset en op 2 augustus 1990 anneksearre. De besetting wie it begjin fan de Golfoarloch fan 1990-1991, dêr't Koeweit yn jannewaris 1991 troch in ynternasionale koalysje ûnder lieding fan de Feriene Steaten befrije waard.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koeweit bestiet foar it grutstepart út woastyn mei hast gjin hichteferskil. It klimaat is skrok en hjit. Oan de noardkust fan de Perzyske Golf lizze in oantal eilannen, dêr't Bubiyan it grutste fan is.
De wichtichste stêden binne Koeweit, Salimiyah (mei de measte ynwenners) en Hawalli.
Nei it suden ta lizze ek noch wat lytse eilantsjes.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arabieren meitsje om-ende-by 57% fan de befolking út fan Koeweit. Yn de 20e iuw is de befolking fan Koeweit, foaral fanwege de komst fan in proatte arbeiders (de saneamde ekspats), ferfyftichfoudige. Under de ekspats binne in soad steateleaze Arabieren lykas bedoeïenen) en fjirder ymmigranten út lannen as Pakistan, Bangladesj en de Filipinen. De befolking is foar 85% moslim.
Gûverneminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Koeweit is opdield yn seis gûverneminten (muhafazat):