Springe nei ynhâld

Koehoal

Ut Wikipedy
It momumint foar de hjerringfiskers op Koehoal

Koehoal is in buorskip yn de gemeente De Waadhoeke. Eartiids lei er yn Barradiel. Koehoal leit oan 'e Waadseedyk benoarden Tsjummearum en Easterbierrum.

By Koehoal oan de seedyk is yn 2004 in brûnzen byld pleatst as oantinken oan de hjerringfiskerij by de Waadkust del. It byld hjit 'De Waadfisker' en is makke troch Frans Ram fan Hegebeintum.

De Stelling Koehool waard yn de Twadde Wrâldoarloch troch de Dútsker oanlein as part fan de Atlantikwall. Dy bestie út fjouwer bunkers. Ien bunker is bewarre bleaun en yn 2011 opknapt en waard yn 2011 in edukaasjesintrum.