Klaverke Fjouwer
Klaverke Fjouwer is in priis foar dy keatsers dy't de fjouwer wichtichste keatspartijen wûn hawwe: De Freulepartij Wommels, de Jong Nederlânpartij, de Bûnspartij foar Senioaren en de PC. De priis is ynsteld troch de PC.
Winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant no ta binne der mar trettjin keatsers dy't der yn slagge binne dizze fjouwer partijen op har namme te bringen. Foar har nammen stiet it jiertal wêryn de fjirde fan de neamde partijen wûn is:
Jier | Namme | Freule | Jong Nederlân |
Bûn | PC |
---|---|---|---|---|---|
1920 | Ids Jousma | 1916 | 1918 | 1920 | 1920 |
1923 | Taede Zijlstra | 1917 | 1917 | 1923 | 1920 |
1928 | Klaas W. Kooistra | 1919 | 1920 | 1921 | 1928 |
1947 | Frans Helfrich | 1936 | 1938 | 1947 | 1942 |
1960 | Dirk van der Zee | 1953 | 1956 | 1959 | 1960 |
1974 | André Roosenburg | 1968 | 1973 | 1974 | 1972 |
1976 | Johannes Westra | 1960 | 1964 | 1976 | 1968 |
1989 | Joop Bierma | 1978 | 1982 | 1982 | 1989 |
1991 | Erik Seerden | 1987 | 1991 | 1991 | 1991 |
2002 | Jacob Wassenaar | 1996 | 2000 | 2001 | 2002 |
2003 | Cornelis Terpstra | 1997 | 2000 | 2003 | 2002 |
2004 | Auke van der Graaf | 1994 | 1996 | 2004 | 1998 |
2017 | Hans Wassenaar | 2007 | 2009 | 2017 | 2016 |
Bysûnderheden
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ids Jousma en Erik Seerden binne fan dizze 13 dejingen dy't it Klaverke Fjouwer it hurdst yn harren besit hienen. Fjouwer jier nei it winnen fan de Freule wûnen hja de Bûnspartij en de PC. Ids Jousma hie ûnderwilens de Jong Nederlânpartij wûn, Seerden wûn dy yn itselde jier as de oare twa.
Froulju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ekwivalint fan it Klaverke Fjouwer foar froulju is de Fjouwer Wimpels.