Khalil Raad
Khalil Raad | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
berne | 1854 | |
berteplak | Bhamdoun (Libanon (berchtme)) | |
stoarn | 1957 | |
stjerplak | Bhamdoun | |
wurkpaad | ||
berop/amt | fotograaf |
Khalil Raad wie in Libaneeske fotograaf dy't wol "de earste Arabyske fotograaf fan Palestina" neamd wurdt. Syn wurk omfettet goed 1230 glêsplaten, tsientallen ansichtkaarten en noch net publisearre films dy 't de politike foarfallen en it deistich libben yn Libanon, Palestina en Syrië yn de rin fan fyftich jier dokumintearje.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Raad waard yn 1869 berne yn Bhamdoun, Libanon, út Libaneeske âlden. Syn heit, Anis, wie flechte út it famyljedoarp Sibnay nei 't er him fan it maronityske leauwe bekeard hie ta it protestantisme. By de sekstaryske striid yn de berchgebieten yn 1860 waard Raad syn heit fermoarde. Nei syn dea naam Raads mem him en syn suster Sarah mei nei Jeruzalem, dêr't se by famylje wennen.
Fotografy en persoanlik libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Raad studearre earst fotografy by Garabed Krikorian (sjoch foto's), in Armeenske Palestyn dy't ôfstudearre wie oan de fotografy-oplieding oprjochte troch Issay Garabedian, de Armeenske patriarch fan Jeruzalem.[1] Raad iepene syn eigen studio oan de Jaffa Road foar dy fan syn eardere learaar yn 1890 oer en waard in direkte konkurint fan him. Nei't Garabed syn soan John yn 1913 de studio fan syn heit oernaam en troude mei Raad's nicht, Najla, bekend as de "fredesbreid", wurken de twa studio's mei-inoar op.
Raad troude yn 1919 mei Annie Muller, in Switserske dy 't assistinte wie fan Keller, in fotograaf dêr 't Raad yn Switserlân by studearre hie oan de foarjûn fan de Earste Wrâldoarloch. Hy kearde mei Muller werom nei Palestina om yn Talbiya te wenjen, doetiids in doarp yn 'e buert fan Jeruzalem dêr 't Raad gadingmakker wie foar it boargemasterskip en ek keazen waard.
Raad sette syn fotografywurk troch, mei as ûnderwerp politike foarfallen, it deistich libben en wichtige archeologyske opgravings yn Palestina. Syn fotostudio waard ferwoaste by sionistyske oanfallen op de stêd yn 1948 en it gesin waard twongen te ferhúzjen, earst nei Hebron foar in pear moanne en dêrnei nei Raad syn bertedoarp, Bhamdoun. Dêrnei waard er troch biskop Ilya Karam útnûge om yn it Gryksk-otterdokse patriargaat te wenjen. Raad hold dêr ta fan ein 1948 oant syn dea yn 1957.
Fotografysk wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Raad syn foto's dokumintearje fyftich jier lang politike foarfallen en it deistich libben yn Libanon, Palestina en Syrië. Hy produsearre mear as 1230 glêsplaten dy 't yn de Arabysk-Israelyske oarloch fan 1948 út syn studio rêden waarden troch in jonge Italiaanske freon dy 't nachts meardere kearen nimmenslân oerstuts. Yn syn studioargyf sieten ek in tal negativen, dêr 't guon noch fan ôfdrukt wurde moatte. It hiele argyf waard oan it Institute of Palestine Studies skonken en in soad fan de foto's waarden publisearre yn it wurk Before their Diaspora troch it Journal of Palestine Studies.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Shul krante. ûndergrûnske drukparse (Beër Sjeva, 1916)
-
Arabieren
-
Fiskers
-
In foto fan Raad fan in frou yn de tradisjonele Palestynske klaaiïng, Ramallah, 1920
-
In Joadske rabyn yn Jeruzalem, om 1920 hinne
-
Buorlju yn Bethlehem
-
In Palestynske famylje út de omkriten fan Bethlehem, ± 1930
-
Britske soldaten fûillearje in Palestynske man yn Jeruzalem, ein 1930-er jierren
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Khalil Raad fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|