Katmandû
Katmandû | ||
Sintraal Nepal mei Katmandû | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nepal | |
Sône | Bagmati | |
Distrikt | Katmandû | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.442.271(2009, stedsdisrikt) | |
Oerflak | 50,67 km² | |
Befolkingsticht. | 67.935,1/ km² | |
Stêdekloft | 4.503.266 | |
Hichte | 1350 m | |
Oar | ||
Stifting | 10e iuw | |
Tiidsône | Nepal Tiid (UTC 5:45) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
kathmandu.gov.np |
Katmandû (Nepaleesk: काठमांडौ) is de haadstêd fan Nepal.
De stêd leit yn in delling oan de rivier de Vishnumati op 1350 meter boppe seenivo.
De stêd is bekend om syn protte Boedistyske timpels en paleizen, dêr't de measte fan út de 17e iuw binne. De grutste timpel is Bouddhanath yn de wyk Bouddah; de measte paleizen steane oan it Durbarplein. Yn de fallei binne sân monuminten dy't op de Wrâlderfgoedlist steane.
Katmandû hat ek it paleis fan de Nepaleeske keninklike famylje en is populêr by westerske toeristen, dy't har fral konsintrearje yn de wyk Thamel. It plak lûkt benammen kultuer- en rêchsektoeristen. Teffens is it in foarstasjon foar berchbeklimmers fan de Himalaya.
Sûnt de Tibetaanske diaspora hat Katmandû yn de twadde helte fan de 20e iuw Tibetaanske flechtlingen opnaam.
Op 25 april 2015 waard de stêd rekke troch in swiere ierdskodding mei in krêft fan 7,8 op de skaal fan Richter. De ierdskodding ferwoastge in protte gebouwen yn it histoarysk sintrum. Bygelyks stoarte de Dharahara, in toer fan 62 meter heech út 1832, yn. Op dat stuit wiene der 200 besikers yn it gebou. Katmandû is troch de skodding goed in meter nei it suden opskood en is ek heger kommen te lizzen.
-
Rani Pokhari (Keninginnefiver) timpel en Ghantaghar (oerehûs) yn it hert fan Katmandû
-
Durbarplein
-
Hasjyswinkel, 1973
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Kathmandu fan Wikimedia Commons. |