Springe nei ynhâld

Katham

Ut Wikipedy
Katham
Mûne De Kathammer
Mûne De Kathammer
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Noard-Hollân
gemeente Edam-Volendam
Oar
Netnûmer 0299
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 52° 30' NB, 5° 4' EL
Kaart
Katham (Noard-Hollân)
Katham

Katham is in buorskip yn de gemeente Edam-Volendam yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân, yn de krite Wetterlân. Katham is in buorskip oan 'e súdwestrâne fan it doarp Volendam en is hast alhiel omjûn troch de bebouwing fan dat doarp. De buorskip grinzget ek oan de himrik fan it doarp Katwoude.

Katham waard foar it earst neamd yn 1460 yn it Diversoarium fan it kleaster Galilea Minor by Monnickendam. De namme Katham is in gearstalling fan -ham itjinge "oanslike lân yn in bocht fan in wetterrin" betsjut en kat, dat gauris foarkomt foar it earste part fan plakken tichteby it wetter, de bistenamme, in persoanenamme of in fariant fan "kaai", "ouwerwâl", "smelle lege dyk fan ierde".[1].

Katham hat altyd in lyts buorskip west en lei oan de seedyk tusken Volendam en Katwoude yn en bestie benammen fan de feehâlderij. Foar 1950 bestie de buorskip út trije stjelppleatsen, twa wenten mei oanboude kowestâlen en twa gewoane wenten. Nei 1980 wiene der grutte útwreidings fan Volendam yn 'e rjochting fan Katham en ûnderwilens binne alle trije pleatsen sloopt. Fan it âlde agraryske karakter fan it plak is hjoed-de-dei net folle mear werom te finen.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Katham is ferneamd om de mûne Kathammer, in kantige muonts fan 1896, dy't yn de himrik fan Katwoude stiet en in ryksmonumint is.[2] Ek ferneamd is it Heitje van Katham, in lyts natoergebiet dy't út in smelle stripe lân mei heechfean mei unike floara bestiet, dy't nearne oars yn Noard-Hollân foarkomt.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. G. van Berkel, K. Samplonius, Nederlandse plaatsnamen verklaard. etymologiebank.nl (2018).
  2. Kathammer yn wwww.molendatabase.nl/ oproppen op 22 juny 2024
  3. Heitje van Katham yn Lânskip Noard-Hollân, oproppen op 22 juny 2024
Edam-Volendam
Stêd:
Edam
Doarpen:
BeetsEtersheimHobredeKwadijkMiddelieOosthuizenPurmer (foar in part) • SchardamVolendamWarder
Buorskippen:
AxwijkKathamVerloreneinde
· · Berjocht bewurkje