Katedraal fan Letterkenny
Katedraal fan Letterkenny
Letterkenny Cathedral | ||
Lokaasje | ||
lân | Ierlân | |
plak | Letterkenny | |
adres | Castel Street | |
koördinaten | 54° 57' N 7° 44' W | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Raphoe | |
patroanhillige | Sint-Adomnán, Sint-Kolumba | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | William Hague | |
boujier | 1890-1900 | |
boustyl | neogotyk | |
Webside | ||
www.steunanscathedral.ie | ||
Kaart | ||
De Katedraal fan Sint-Adomnán en Sint-Kolumba (Ingelsk: Cathedral of St. Eunan and St. Columba) is in roomsk-katolike katedraal yn 'e Ierske stêd Letterkenny.
De katedraal stiet oan 'e Castel Street foar de anglikaanske parochytsjerke oer en fierde yn 2001 it hûndertjierrich bestean.
De Tsjerke fan Ierlân besit yn itselde greefskip ek in katedraal, in earder roomsk gebou dat ek wijd waard oan Sint-Adomnán en dy stiet yn Raphoe.
Skiednis en bekriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De katedraal waard yn opdracht fan 'e doetiidske biskop fan Raphoe en lettere kardinaal O'Donnell tusken 1890 en 1900 boud. Untwerper wie William Hague, in bekende arsjitekt út Dublin mei goede konneksjes mei de ferneamde arsjitekt Pugin. Op 16 juny 1901 fûn de iepening fan 'e nijbou plak, dy't de Fiktoariaanske neogoatyske styl fertsjintwurdiget. It boumaterjaal wie ôfkomstich út Mountcharles en waard mei it skip nei Swilly fearn en fan dêr wei troch de bewenners fan Letterkenny sels nei de boulokaasje droegen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De spits fan 'e katedraal hat in hichte fan 75 meter en de katedraal waard boud fan wite sânstien. It tsjerkemeubilêr is fan ikehout makke en hat in moarmeren preekstoel, dy't dekorearre is mei de bylden fan 'e fjouwer evangelisten en de fjouwer masters. De brânskildere ramen dy't it alter en de Us Leaffroukapel ferljochtsje binne it wurk fan 'e firma Mayer út München. Se stelle trettjin foarstellings foar út it libben fan de Hear. Keltyske motiven en glês-yn-lead binne ûntwurpen troch Harry Clarke en Michael Healy. De grutte bôge is fersierd mei foarstellings fan Sint-Adomnán en Sint-Kolumba. De ivige lampe is makke fan sulver en weget mear as 42 kilo. Guon bylden binne makke troch William Pearse, dy't fanwegen syn oandiel yn de Peaskeopstân yn 1916 eksekutearre waard.
De katedraal waard renovearre yn 1985 en foar in part op 'e nij ynrjochte. Der gyng in soad omtinken nei it behâld fan 'e styl en it materjaal fan it orizjinele alter. It oarspronklike alter, in Iersk wurk fan Leonardo's Lêste Nachtmiel, bleau beholden en waard yn it nije folksalter yntegrearre.
De gevels fan 'e katedraal waarden yn july 2001 reinige .
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Cathedral of St Eunan and St Columba
|