Springe nei ynhâld

Kassiodoarus

Ut Wikipedy
Kassiodoarus ôfbylde yn de Kodeks Amiantinus.

Flavius Magnus Aurelius Cassiodorus Senator (Scylaceum (Kalaabrje), ± 485 - kleaster Vivarium by Scylaceum, ± 585), ornaris bekend as Kassiodoarus, wie in Romeinske steatsman (praefectus praetorio), skriuwer en rjochtsgelearde. Hy wie skriuwer fan Diderik de Grutte, kening fan de Ostrogoaten.

Kassiodoarus waard berne yn Scylletium, tichtby Catanzaro yn it suden fan Itaalje. Hy sette syn wurkpaad útein as adviseur foar syn heit, dy't gûverneur wie fan Sisylje, en waard op mei jonge jierren jurist. Yn syn wurksume libben as kwestor tusken 507-511, as konsul yn 514, dêrnei as magister officiorum ûnder Diderik, en dêrnei ûnder it regintskip fan Dideriks' jonge opfolger, Atalarik, sammele Kassiodoarus in protte ynformaasje oer syn tiid en lei it fêst op skrift. Oan it Goatyske hof, like syn literêre bekwaamheden sa affektearre en retoarysk dat it moderne lêzer opfalt. Alle kearen at er yn Ravenna kaam, waarden wichtige offisjele dokuminten oan him tabetroud om tekene wurde te kinnen. Syn wurkpaad waard ôfsletten mei de beneaming as pretoriaansk prefekt foar Itaalje, wat tsjintwurdich oerienkomt mei earste minister, de heechste amtlike funksje.

Atalarik stoar yn 534. It oerbliuwend part fan Kassiodoarus' publike funksje waard karakterisearre troch de Byzantynske ferovering fan Itaalje en dynastike yntriges fan de Ostrogoaten. Syn lêste brieven skreau hy yn namme fan Witigis. De opfolger fan Kassiodoarus waard fanút Konstantinopel beneamd.

Om-ende-by 537-38, ruilet hy Itaalje yn foar Konstantinopel en ferkearde dêr sawat twa desennia. Hy hâldt him dan meastentiids dwaande mei godstsjinstige kwestjes. Hy moetet dêr Junilius, de kwestor fan keizer Justinianus.

In grut part fan syn wurkpaad hat Kassiodoarus him dwaande holden mei it oerbrêgjen fan de kulturele ferskillen dy't feroarsake waarden troch de fersnippeling yn de 6e iuw tusken East en West, Gryksk en Latyn, Romeinsk en Goatysk, en de kristlike befolking mei harren Ariaanske lieders.

Fan syn hân binne:

  • Chronica
  • De orthographia
  • Expositio in psalterium
  • Complexiones in epistolis apostolorum et actibus eorum et apocalypsi
  • Historia ecclesiastica tripartita
  • Historia Gothorum, oerlevere as gearfetting yn de Getica
  • Institutiones Divinarum et Saecularium Litterarum
  • Variae'

It wurk fan Kassiodoarus oer de skiednis fan de Goaten (Historia Gothorum) yn 12 boeken, dêr't hy mei begûn ûnder kening Diderik I, en foltôge ûnder Atalarik, is ferlern gien. Jordanes hat nei eigen sizzen yn de Getika de boeken fan Kassiodoarus as boarne brûkt en in gearfetting fan makke. It is net wis hoefolle fan syn gearfetting op it wurk fan Kassiodoarus stipet. Yn de moderne wittenskip wurdt der fanút gien dat de iere skiednis fan de Goaten troch Jordanus opleukt binne mei in oantal fiktive eleminten.