Karakterisearring
Karakterisearring of karakterisaasje is hoe't persoanen (of bisten of oare wêzens) werjûn wurde yn ferheljende en dramatyske wurken. As de karakterisearring geandewei it wurk feroaret om't de persoan troch wat er belibbet beynfloede wurdt, sprekt men fan karakterûntwikkeling. In persoan dy't karakterisearre wurdt, hjit in personaazje. De term 'karakterisearring' waard pas yn 'e rin fan 'e njoggentjinde iuw yntrodusearre.
De Aldgrykske wiisgear Aristoteles woe hawwe dat de plot yn in ferheljend wurk wichtiger is as de personaazjes, en dat men dus fêsthâlde moat oan in 'troch de plot oandreaun ferhaal'. Yn syn Poëtika skreau er dat toaniel "in represintearring is, net fan minsken, mar fan aksje en it libben." Mear as twatûzen jier bepaalde dat hoe't men yn 'e Westerske wrâld nei toaniel (en oare wurken fan fiksje) seach. Pas yn 'e njoggentjinde iuw waard it omdraaid en waard oan it personaazje mear belang takend yn in 'troch it personaazje oandreaun ferhaal'. Dat begûn mei de reälistyske roman en fersprate him dêrwei nei oare foarmen fan fiksje. It nije idee waard letter fuortsterke troch ynfloedrike ûntwikkelings yn 'e psychology, û.m. troch it wurk fan Carl Jung.
De winske karakterisearring fan in personaazje kin op twa manearen oan it publyk oerbrocht wurde:
- troch direkte of eksplisite karakterisearring
- troch yndirekte of ymplisite karakterisearring
By direkte of eksplisite karakterisearring wurdt oan it publyk streekrjocht ferteld hoe't in personaazje yninoar stekt. Yn in roman kin soks dien wurde fia in ienfâldige beskriuwing. By aktearjen, lykas yn in toanielstik of in film, is it in stik lestiger. Dêr kin soks oanpakt wurde troch in voice-over yn te setten dy't it plublyk sokke dingen fertelt (bgl. "Jan is koppich"), mar dat is net bepaald subtyl. Moaier is om bygelyks it personaazje sels tsjin in oar personaazje sizze te litten: "Ik bin koppich." Of wat ek kin, is om twa oare personaazjes mei-inoar prate te litten, wêrby't de iene tsjin 'e oare seit: "Dy Jan, dy is wol sà koppich."
By yndirekte of ymplisite karakterisearring moat it publyk sels oanfiele hoe't in personaazje yninoar stekt troch in beoardieling fan wat er docht en seit en hoe't oare personaazjes har foar him oer hâlde en drage. Der wurdt dan bgl. nea sein fan "Jan is koppich", mar troch hoe't er him yn ferhâlding ta oare personaazjes hâldt en draacht, tinkt it publyk dan op in stuit: "Poe, dy Jan is wol koppich, hear."
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |