Springe nei ynhâld

Kabaal

Ut Wikipedy

In kabaal is in groep persoanen dy't feriene binne oer in bepaald ûnderwerp, om harren eigen ynsichten of harren ideology yn in mienskip of steat fuort te sterkjen, gauris troch yntrige, dy't ornaris ûnbekend is by dyjingen om utens. It gebrûk fan it begryp hat ornaris in negative lading en is almeast besibbe oan in polityk doel of in temûke gearspanning[1].

De hannelingswizen fan in kabaal binne: yntriizje, kûperij, politike gearspanning.

In oare betsjutting fan it wurd yn it Frysk en Nederlânsk is: grut leven, gâns lawaai.[2]

It begryp komt fan it Hebriuwske wurd kabbalah, de Joadske ynterpretaasje fan it Hebriuwsk skrift (קַבָּלָה). Yn Hebriuwsk betsjut it "ûntfangst" of "tradysje"[3]. Yn de Jeropeeske kultuer waard it besibbe mei okkultisme.

It wurd fersprate him yn it Ingelsk troch it midsiuwske Latynske cabbala en it Frânske cabale. Oant it midden fan de santjinde iuw hat it him fierder ûntjûn om in mjitte fan yntrige, dy't troch in lytse groep dien waard, oan te tsjutten.

Yn it Nederlânsk hie it wurd kabaal, kabale of cabale yn de achttjinde iuw deselde betsjuttenis. De Friesche Kabaal (Fryske Kabaal) ferwiisde nei de Fryske eallju dy't foar it steedhâlderskip wiene en dêr in grutte ynfloed op hiene. Hja hiene benammen ynfloed op de steedhâlders Willem IV en Willem V en harren reginten en dus ek op it bestjoer fan de Republyk fan de Feriene Nederlannen. Harren ynfloed kaam ta in ein nei ûngeunstige persoanlike foarfallen[4]. It begryp waard út it Frânsk wei oernommen en waard foar it earst yn 1845 neamd[5]. It wurd betsjut hjoed-de-dei "grut leven" of "gâns lawaai".

Folgelingen fan de Amerikaanske gearspanningsteory QAnon ferwize nei de "kabaal" as in temûke organisaasje oer gâns de wrâld hinne dy't de demokrasy en frijheid ûndermynje wolle en besykje de wrâld ûnder harren kontrôle te krijen[6].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wordpandit: Cabal. Oproppen op 1 maaie 2018
  2. Taalweb.frl
  3. Judaism 101: Kabbalah and Jewish Mysticism. www.jewfaq.org. Oproppen op 8 febrewaris 2018
  4. Dr. P. van der Vliet, Onno Zwier van Haren (1713-1779): staatsman en dichter, Utjouwerij Verloren, 1996, side 175 e.v.
  5. Kabaal yn: DBnl.org
  6. Zuckerman, Ethan (2019). QAnon and the Emergence of the Unreal (PDF). Journal of Design and Science (6): 1–5. By [QAnon] bestiet it idee dat alle Amerikaanske presidinten tusken John F. Kennedy en Donald Trump temûk mei in "kabaal" fan globalisten gearwurke hawwe en ûndermynje Amerikaanske demokrasy en set harren eigen aginda troch ... Yn alle ferzjes fan de myten, besiket it "kabaal" de Amerikaanske frijheid te ferneatigjen en it lân te ûnderwerpen oan it wrâldregear