Springe nei ynhâld

Kaapske ein

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Kaapske tsjilling)
Kaapske ein

Kaapske einen yn Kenia.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai einen (Anas)
soarte
Anas capensis
Gmelin, 1789
IUCN-status: net bedrige
Net te betiizjen mei de muskusein, in oare soarte einfûgel, dy't yn it Nederlânsk ek wol Kaapse eend neamd wurdt.

De Kaapske ein (Anas capensis) is in fûgelsoarte fan it skaai einen (Anas). De Kaapske ein libbet yn it suden en easten fan Afrika.

Yn 'e flecht is it griene en wite speculum fan 'e Kaapske ein goed te sjen.

De Kaapske ein is in lytse, kompakte ein fan 44 oant 46 sm lang. De ein is maklik oan syn ljochtgrize fearren en de readrôze snaffel te herkennen. Yn 'e flecht is syn griene en wite spegel (speculum) goed te sjen. Yn it noarden fan it ferspriedingsgebiet komt ek de moarmerein foar, mar dy is by de eagen donker, hat in grize snaffel en gjin wjukkespegel.

Lykas by in soad oare einesoarten yn Afrika bestiet der hast gjin uterik ferskil tusken jerken en wyfkes. De wyfkes binne allinne noch wat lytser. Ek binne Kaapske ein yn 'e briedtiid itselde as oars. De fearren fan it bealchje binne feal brúngriis oant sulvergriis. De rêch is wat donkerder, de flanken hawwe opfallende flekken. Oan 'e rôze snaffel is te sjen dat it om in folwoeksen fûgel giet. De snaffel is by de basis swart. It each is ljochtbrún oant oranjeread en de poatsjes binne gielich. De jongere einen binne wakker allyk, mar wat matter en se hawwe in ljochtreade snaffel mei grize rânen.

De Kaapske ein komt yn trije aparte dielen fan Afrika foar.

In lytse populaasje libbet op en om de Tsjaadmar oan 'e súdlike râne fan 'e Sahara. De wetterspegel fan dy mar is yn 'e lêste tiid slim sonken en mei it kommen en gean fan 'e reintiid feroaret dy wetterspegel. Reint it, dan komt in kilometers grut gebiet ûnder wetter te stean en mei it kommen fan 'e drûge tiid lûkt de mar him werom. Grutte dielen fan 'e mar binne net djipper as in meter. Mei't it wetter gau ferdampt, feroaret ek de wettergrins hieltyd. Oannommen wurdt dat de populaasje fan 'e Kaapske ein yn dit gebiet nomadysk is. Kaapske einen út it gebiet wurde oant yn Israel as dwaalgasten oantroffen.

In twadde populaasje libbet eastlik fan 'e Grutte Slink. Yn Kenia is it rift it djipste yn it noarden fan Nairobi. Dêr is gjin wetterôffier en binne marren ûntstien mei in heech mineraalgehalte. Troch ferdamping fan it wetter ûnsteane dêr sâltmarren en sâltôfsettings. De fûgel komt dêr lokaal in soad foar.

De tredde populaasje libbet yn in grut gebiet fan súdlik Afrika.

Kaapske ein yn Súd-Afrika.

De ein libbet yn pearkes of yn lytse groepkes. Yn dielen fan it ferspriedingsgebiet is de fûgel nomadysk en as de marren útdroegje trekt de fûgel hiele einen fierder. Oan 'e Kaap ringe einen wurde bygelyks wol 1.850 km fierder noardliker yn Namybje en Mozambyk werom fûn.

De ein is fral by it skimerjen aktyf en siket it plantaarich iten grondeljend en mei de snaffel swyljend yn ûndjip wetter. Ut en troch dûkt de ein om oan iten te kommen.

Somtiden ha de jerkjes meardere wyfkes tagelyk, mar yn 'e regel bliuwe se langer byinoar. De briedtiid hinget nau gear mei it fallen fan rein en as gefolch dêrfan it gruttere oanbod fan iten. Under geunstige omstannichheden kinne de einen gau briede en de lechsels wurde it hiele jier troch lein. Soks jildt ek foar it yn ferhâlding kâldere Súd-Afrika.

It nêst wurdt op 'e grûn of tusken driuwplanten boud. As it heal kin briedt de Kaapske ein it leafst op eilantsjes. Trochstrings leit it wyfke 8,2 aaien. Allinne it wyfke briedt en nei 26 oant 30 dagen komme de aaien út. It mantsje helpt by it fuorjen fan 'e pykjes. Nei 42 oant 56 dagen kinne de einepiken fleane. Oannommen wurdt dat de Kaapske ein alle jierren mar ien lechsel hat.

De Kaapske einen waard foar it earst yn 1938 nei Ingelân yn Europa ymportearre. In Britske partikulier wist noch yn itselde jier neiteam te fokken. Kaapske ein binne net hiel dreech te hâlden en ek faak yn dieretunen te sjen. Ek yn Europa hat de soarte gjin fêste tiid foar it lizzen fan aaien. In lang skoft rein kin de ein yn Europa ek ta brieden bringe.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Fahlente